Fryske Foarlêswike 1 o/m 5 juny 2015: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten

Foarlêzers op ’en paad mei 18.000 Tomke-boekjes yn de Fryske Foarlêswike! Goed 600 foarlêzers sille fan 1 o/m 5 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Hoi Tomke!’.
De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de Tomke-wurkgroep.

Fryske Foarlêswike
Oeral yn Fryslân wurdt fan 1 o/m 5 juny foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedei-ferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn:

Achtkarspelen: boargemaster Gerbrandy is 5 juny yn Bommelstein, Bûtenpost
It Bilt: wethâlder mefrou Nel Haarsma is op 4 juny om 9.30 oere yn de Arebaar, Sint-Anne
Ljouwert: wethâlder Henk Deinum is moandei 1 juny yn it Atelier, Jacobijnerkerkhof
Ljouwerteradiel: wethâlder mefrou Rinske van der Meulen
Smellingerlân: Roel Oostra
Súdwest-Fryslân: skriuwster fan Tomkeferhaaltsjes, mefrou Riemkje Pitstra, lêst foar op De Kobbe yn Hylpen. It pjutteboartersplak is
trijetalich, der wurdt omtinken jûn oan it Frysk, it Nederlânsk én it Hylpersk.
De Stellingwerven: lêze foar út it Tomke-boekje yn it Stellingwerfsk.

Yn 2015 giet
Tomke fier oer it wetter,
Tomke giet fier oer de see
Tomke giet fier oer it wetter,
hy giet nei Skiermûntseach, o jee

Yn de Foarlêswike in nije taal derby: op Skiermûntseach sil foarlêzen wurde yn it Eilanders!

De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.

* Copy This Password *

* Type Or Paste Password Here *