Foarlêzers op ’en paad mei 18.000 Tomke-boekjes yn de Fryske Foarlêswike!
Goed 500 foarlêzers sille fan 2 o/m 6 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan sa’n 12.000 pjutten.
It Tomke-projekt stimulearret it lêzen en foarlêzen yn it Frysk oan lytse bern. De Tomke-boekjes mei ferhaaltsjes oer Tomke en Romke komme fia boartersplakken, bernedeiferbliuwen, gastâlders, konsultaasjeburo’s en bibleteken by de bern en har âlden telâne. It tema is dit jier ‘Ik bin Tomke’. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de
Tomke-wurkgroep.
Fryske Foarlêswike
Oeral yn Fryslân wurdt fan 2 o/m 6 juny foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders.
Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike. Sa lêst deputearre mefrou De Vries moandei 2 juny om 9.15 oere foar op it pjutteboartersplak De Krobbe yn Aldegea (Smellingerlân).
Yn Ljouwert wurdt troch wethâlder Feitsma foarlêzen op it pjutteplak Petteflat oan de Valkstrjitte. Wethâlder Stoker lêst foar oan de pjutten fan Beantsjekroas yn Koudum en skriuwster fan Tomkeferhaaltsjes, mefrou Riemkje Pitstra, sil foarlêze op De Kobbe yn Hylpen. Mefrou Rypstra, wethâlder Tytsjerksteradiel, sil op 2 juny foarlêze om 9.00 oere by de pjutten fan de Wâldpykjes yn Oentsjerk.
Yn de Stellingwerven wurdt foarlêzen út it Tomkeboekje yn it Stellingwerfs.
Op tiisdei 3 juny is de útrikking fan it Bildtse Tomkeboekje troch kontaktpersoan mefrou Klaske Kampen. Wethâlder mefrou Haarsma lêst om 9.00 oere foar op it pjutteboartersplak De Utwykies yn Nij Altoenae.
Stipe oan Fryske taal en kultuer
It Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse stipet de Fryske taal en kultuer en hat yn 20 gemeenten en njoggen wurkgebieten yn Fryslân kontaktpersoanen, dy’t de brêge slagge tusken pjutteboartersplakken en foarlêzers, sadat op hast elk pjutteboartersplak foarlêzen wurdt. It tal bernedeiferbliuwen dat meidwaan wol nimt alle jierren ta. Nij is dat gastâlders ek meidogge. De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.