Fryske Rie

Fryske Rie

 

 

 

 

 

De Fryske Rie is in stifting, dy’t nau oparbeidet mei de beide susterorganisaasjes yn Noard- en East-Fryslân (Dútslân).

De Fryske Rie hat njonken ynsidintele projekten sa as it útjaan fan boeken (2008, ‘De Fryslannen’ yn oparbeidzjen mei de Afûk) en it organisearjen fan ynformaasjejûnen, tradisjoneel trije typen reguliere aktiviteiten:

  • It Ynterfrysk Kongres. Wurdt ien kear yn ‘e trije jier holden. Ofwikseljend yn elk fan de Fryslannen (juny 2009 yn Leer; juny 2012 yn Harns).
  • It Friesen-droapen op Helgolân, in kultureel evenemint mei artysten út alle Fryslannen ienris de trije jier. It earstfolgjende Friesen-droapen is yn 2016.
  • De reguliere moetingen fan de beropsgroepen dy’t yn de Fryske Rie fertsjintwurdige binne, sa as de reguliere en jonge boeremoeting, bestjoerdersmoeting, frouljusmoeting, jongereinmoeting en ûnderwiismoeting.

Elk is wolkom by de aktiviteiten fan de Frysk Rie.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.fryskerie.nl en www.interfriesischerrat.de