It binne ûnwisse tiden foar Omrop Fryslân, de iennichste regionale omrop fan Nederlân dy’t net yn it Nederlânsk útstjoerd mar yn de twadde rykstaal, it Frysk. Nei de swiere besunigings fan de ôfrûne jierren, sil de reguliere finansiering fan en de ferantwurdlikheid foar de omrop dy’t no noch bestiet, per 1 jannewaris 2014 oerhevele wurde fan de Provinsje Fryslân nei it Ministearje fan OC en W. Dêrtroch soe Omrop Fryslân mei yngong fan 2017 nochris 1,7 miljoen euro besunigje moatte. Der binne twa scenario’s om te reorganisearjen: opgean yn ’e nasjonale omrop NPO of fusearje mei de noardlike omroppen RTV Noord en RTV Drenthe.
Beide scenario’s binne in grutte bedriging foar it plak fan it Frysk yn radio en tillevyzje. At je der net om tinke, wurdt it Frysk redusearre ta in plak yn de marzje, mocht der al stjoertiid yn it Fryske oerbliuwe. It EBLT wol ferantwurdlike politisy op Frysk en nasjonaal nivo der op wize dat de Friezen neffens it Ramtferdrach oangeande de Beskerming fan Nasjonale Minderheden en it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen it rjocht ha op radio en tillevyzje yn it harren eigen taal. Se ropt dêrom politisy yn de Provinsjale Steaten en de Twadde Keamer op om te regeljen dat Omrop Fryslân selsstannich bliuwt mei eigen direksje en bestjoer.
Dêrneist wiist it EBLT der op dat Nederlân it Europeesk Hânfêst ek foar it Nedersaksysk ûndertekene hat. Dêrom is it EBLT ek fan betinken dat RTV Noord en RTV Drenthe, dy’t belangryk binne foar de Nedersaksyske (Grinslanner en Drintske) taal en kultuer, de mooglikheid hâlde moatte om troch te gean mei it meitsjen fan radio en tillevyzje yn it Nedersaksysk en dy, wêr mooglik, fierder út te bouwen.
It seit himsels dat it EBLT it brief – yn in Ingelske oersetting – ek takomme lit oan de Ried fan Europa yn Straatsburch.
Frysktalige iepen brief fan EBLT oer Omrop Fryslân
Nederlandstalige open brief van EBLT over Omrop Fryslân
English position paper of EBLT about Omrop Fryslân