It Korsikaanske regiobestjoer CTC (Collectivité Territoriale Corse) hat besletten om ôf te sjen fan it organisearjen fan Liet International 2013. De CTC hat dit yn in skriuwen wite litten oan Stichting Liet International te Ljouwert. Stichting Liet International is tige teloarsteld oer it Korsikaanske beslút. De stichting fynt it benammen spitich foar de artysten dy’t har al kwalifisearre hiene foar it sjongfestival, lykas Plattel, de winneres fan Liet 2013. Itselde jildt foar de winners fan de Premiu al meyor cantar yn Astuerië, Spanje en de Sámi Grand Prix yn Kautokeino, Noarwegen.
De CTC sleat yn oktober 2012 noch in partneroerienkomst mei Stichting Liet International yn ferbân mei it organisearjen fan it sjongfestival op it eilân, mar is dêr op in hiel let momint op weromkaam. Liet International no noch ferpleatse nei in oare stêd of regio is finansjeel en organisatoarysk gjin helbere kaart. De Stichting hat dêrom besletten om yn te setten op 2014 en de jierren dêrnei. De Stichting ûnderhâldt dêrta waarme kontakten mei ferskate regio’s yn Europa, dy’t oanjûn ha it sjongfestival graach ûntfange te wollen. Liet International is yn dat ramt ek útnoege om it sjongfestival yn oktober te presintearjen op de mondiale wrâldmuzykbeurs Womex 2013 yn de Welske haadstêd Cardiff.
Minderhede-sjongfestival Liet International is in Frysk inisjatyf en waard yn 2002 foar it earst organisearre yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it sjongfestival troch Europa, sûnt 2008 ûnder beskermhearskip fan de Ried fan Europa. Liet International lûkt alle jierren in soad media – fan BBC oant Al Jazeera – en is útgroeid oant ien fan de grutste eveneminten foar de promoasje fan minderheidstalen. De lêste kear dat Liet International net organisearre wurde koe wie it jier 2007. Doe joech de Oksitaanske stêd Narbonne de organisaasje fan it sjongfestival op in hiel let momint wer werom.