De sichtberens fan it Sealterfrysk wurdt hieltyd grutter. Lêstendeis binne de Dútsktalige opskriften yn it gemeentehûs yn Roomelse al ferfongen troch twatalige (Dútsk / Sealterfrysk) buordsjes. No hat de basisskoalle Litje Skoule yn Skäddel in folgjende stap set: alle doarren dêr hawwe no ientalige Sealterfryske opskriften.
Sealterfryske doarren
De skoallokalen hiene allegearre in Sealterfryske plaknamme, dy ‘t no yn grutte letters op de doarren stiet. Ek de oare keamers waarden foarsjoen fan Sealterfryske teksten, lykas de pepierkomer dêr’t hja terjochte kinne foar materioal, leerbouke of präntjeräi.
De Sealterfryske opskriften binne in inisjatyf fan ûnderwizeres Ingeborg Remmers, dy ‘t har al in hiel skoft ynset foar Sater Frysk op skoallen. Sy is de auteur fan it nije learboek ‘ Seeltersk lopt ‘, dosearret Sealterfrysk en brûkt it ek as ynstruksjetaal foar oare fakken yn de twatalige klasse.
Sichtberens
De Sealterfryske teksten binne mooglik makke troch finansiering fan it Ministearje fan Underwiis fan Nedersaksen. De Oarbaidskring Seeltersk, dêr ‘t ûnder oaren de gemeente Seelterland en de Sealterfryske skoallen yn fertsjintwurdige binne, stribbet dernei om de Sealterfryske taal sichtberder te meitsjen yn it deistich libben.