Hanneke de Jong skriuwt Aksjeboek foar Bern 2018

bffOp fersyk fan Boeken fan Fryslân skriuwt Hanneke de Jong it Aksjeboek foar Bern 2018, de yllustraasjes sille makke wurde troch Linda de Haan. It wurdt in boek foar bern yn de ûnderbou, geskikt om foar te lêzen of om sels te lêzen. It boek slút oan by it tema Freonskip fan de Berneboekewike 2018.
It Aksjeboek sil yn de perioade fan 29 septimber oant en mei 31 oktober te keap wêze foar de aksjepriis fan  € 4,95 en wurdt útjûn troch útjouwerij Bornmeer.

Oer de skriuwer en yllustrator:
Hanneke de Jong (1952) skriuwt berne- en jeugdboeken yn it Frysk en it Nederlânsk, lykas De lêste brief/De laatste brief (2001, mei in earfolle fermelding fan de ‘Zoenjury’), Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen/Dertien dagen om een spetterend feest te organiseren (2013, Simke Kloostermanpriis), Wês net bang (2016, it wier barde ferhaal oer in santjinjierrich famke dat flechtet út Syrië fanwege de oarloch) en Heksegrytta (2017).

Linda de Haan (1976) yllustrearret foar printeboeken, tydskriften, les- en lêsboeken en it berneprogramma Fratsen fan Omrop Fryslân.  Sels makket se ek printeboeken wêrfan it boek Kening & Kening dat se tegearre makke mei Stern Nijland yn tsien talen ferskynd is.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *