De Fryske Akademy stiet de kommende jierren foar fikse útdagingen. Troch besuniging nei besuniging binne fakatueren jierren oanien net opfolle. It gefolch wie in kealslach ûnder it wittenskiplik personiel, ek al binne de ôfrûne jierren mear promovendy by ús oan ‘e slach rekke as ea earder.” Dat seit direkteur-bestjoerder Hanno Brand hjoed yn syn taspraak op Akademy-dei, de tradisjonele jiergearkomste foar leden en stipers fan de Fryske Akademy. “It momint is no oanbrutsen en smyt it roer om om te ynvestearjen. Nije stêfleden binne nedich om promovendy te begelieden, projekten te inisjearjen, op heech nivo te publisearjen, ynternasjonale kontakten te lizzen, en it kontakt mei de Fryske mienskip te ûnderhâlden. De besunigingen geane de kommende jierren troch. Wy moatte mei hieltyd minder jild mear dwaan. Dat betsjut dat wy tagelyk ynvestearje moatte yn it opfoljen fan fakatueren en sterk ynsette moatte op it ynheljen fan projektjild.”
Yn it earste bestjoersjier fan direkteur-bestjoerder Brand hat de Fryske Akademy dêr in begjin mei makke. Sa is der in jonge histoarikus oanlutsen dy’t him rjochtet op de regionale ekonomy yn ‘e tweintichste ieu, en in senior taalkundige. “De kommende jierren wurdt ynset op de beneaming fan bysûnder heechleararen dy’t út namme fan de Fryske Akademy meidraaie sille oan universiteiten. Hja sille oanslúte by ynternasjonale ûndersyksprojekten en jonge ûndersikers nei de Akademy ta helje”, kundiget Brand oan op Akademy-dei.
Oare sprekkers op de 76ste dies natalis fan de Fryske Akademy, dy’t dit jier fierd wurdt yn it Ljouwerter WTC, binne prof. dr. Douwe Breimer, dy’t in akademysk fiergesicht foar Ljouwert sketst, en UCF-promovendus drs. ing. Dennis Worst, dy’t in presintaasje hâldt oer syn ûndersyk nei de grutskalige midsieuske feanûntginningen yn Fryslân.
Twa skripsjeprizen útrikt
Dizze Akademy-dei wurde mar leafst twa Skripsjeprizen fan ’e Fryske Akademy útrikt: ien oer de perioade 2008-2010 en ien oer de perioade 2010-2014. De Skripsjepriis, in priis fan 1.000 (tûzen) euro, is ynsteld by it 50-jierrich bestean fan ’e Fryske Akademy yn 1988, mei it doel om studinten in oantrún te jaan har ûndersyk op Fryske tema’s te rjochtsjen.
Inge Heslinga hat mei har skripsje Leave Abonnee (2008), oer it konflikt tusken de Fryske literêre tydskriften De Tsjerne, Quatrebras en Asyl yn ’e neioarlochske desennia, de Skripsjepriis wûn oer de jierren 2008 oant 2010. Neffens de sjuery hat Heslinga in spannend ferhaal makke fan de striid tusken twa literêre streamingen yn ‘e Fryske literatuer. Leave Abonnee smyt ek in protte mikrogegevens op, lykas in oersjoch fan it tal literêre debuten. Heslinga hat har masterskripsje foltôge foar de stúdzje Kunsten, Cultuur en Media oan ’e Rijksuniversiteit Groningen.
Inge Heslinga, Leave Abonnee. Conflict tussen de Friese literaire tijdschriften De Tsjerne, Quatrebras en Asyl (1946-1968) (Master thesis: Kunsten, Cultuur en Media. RUG 2008). Online: http://lyt.sr/phisx
Winner fan de Skripsjepriis 2010-2014 is Thomas van den Brink mei syn masterskripsje Op zoek naar een sluitende verklaring waarom Molkwerum vrijwel van de kaart verdween (2013), foltôge foar de stúdzje Landschapsgeschiedenis oan ’e Rijksuniversiteit Groningen. “Dyn skripsje is hast in dissertaasje”, seit de sjuery oer Van den Brink. It sjueryrapport neamt syn skripsje “in wurkstik mei in wiidweidige ynlieding dy’t optilt fan algemiene wittenskipsfilosofyske opmerkings dy’t ornaris makke wurde troch âlde en wize gelearden mei in rige publisearre boeken.”
Thomas M. van den Brink, Op zoek naar een sluitende verklaring waarom Molkwerum vrijwel van de kaart verdween. De langetermijngevolgen van een sociaal-economische transitie op het landschap en de samenleving van Molkwerum (Zuidwest-Friesland) tussen 1700 en 1900 (Master thesis: Landschapsgeschiedenis. RUG 2013). Online: http://lyt.sr/utwfh
Nije leden
Lykas oare jierren wurde der op Akademy-dei nije leden beneamd. Foar fertsjinsten op it mêd fan de kultuer wurde ta lid fan ‘e Fryske Akademy beneamd: Albert Bonnema (operasjonger), Ira Judkovskaja (artistyk lieder en direkteur fan Tryater), ing. Tjibbele Miedema (Deputaatskip Fryske Earetsjinsten) en drs. Huub Mous (keunsthistoarikus).
Op it mêd fan de wittenskip wurde beneamd dr. Arjen Dijkstra (wittenskipshistoarikus) en dr. Nanna Hilton (universitêr dosint by de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer oan ’e Rijksuniversiteit Groningen). Dr. Anne Dykstra (âld-taalkundige en leksikograaf fan ’e Fryske Akademy) waard op syn earste pensjoendei, 1 septimber, ta lid beneamd.