Iepenbiere diskusjejûn oer stavering en standertwurdlist

Op freed 28 juny organisearret de provinsje Fryslân yn ‘e mande mei de Fryske Akademy in iepenbiere jûn oer stavering en de standertwurdlist Frysk. De oanlieding hjirfoar is it beslút fan Provinsjale Steaten op 24 april l.l. oer it advys fan de Fryske Akademy en de diskusje dy’t dit beslút dêrnei oproppen hat.

Op dizze jûn sil de provinsje in taljochting jaan oangeande it beslútfoarmingsproses. De Fryske Akademy ljochtet har advys ta en de groep fan saakkundigen dy’t in oprop oan Provinsjale Steaten skreaun hat, jout har fisy op de plannen. Nei dizze taljochtingen sil der ûnder lieding fan Gerard van der Veer yn in foarumdiskusje neier yngien wurde op de staveringskwestje en op funksje en nut fan in standertwurdlist. Foarumdielnimmers binne Anne Dykstra (Fryske Akademy), Henk Wolf (dosint taalkunde en Frysk), Koen Eekma (Afûk) en Goffe Jensma (heechlearaar Fryske Taal- en Letterkunde). Hjirby is ek romte foar fragen fan en diskusje mei minsken út de seal.

Elkenien is fan herte wolkom om dizze jûn by te wenjen.

Plak

Kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy. Doelestrjitte 8, Ljouwert.

Programma

Ynrin: 19.00 oere
Iepening: 19.30 oere
Presintaasjes: 19.35 – 20.20 oere
Skoft: 20.20 – 20.45 oere
Foarumdiskusje: 20.45 – 21.45 oere
Sluten: troch deputearre Jannewietske de Vries
Nei ôfrin: hapke en drankje
Wy wolle jo y.f.m. de katering freegje jo op te jaan fia staveringsjun@fryslan.nl (sûnder dakjes).

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinne jo belje mei de ôfdieling Kommunikaasje fan de provinsje Fryslân, til. 058 – 292 57 35.

Boarne: Fryske Akademy

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *