In wykein fan Skylger dialekten

It ôfrûne wykein stiene de trije dialekten fan Skylge sintraal op de de Fryske Folkshegeskoalle.

Taalkundich ûndersiker Siebren Dyk fan de Fryske Akademy fergelike de trije dialekten fan Skylge meielkoar oan de hân fan klanken en wurden. Griet en Cor van der Pol liezen en songen yn it Westers by it hurdfjoer.

De Mêslânzers lieten it ferskil mei it Westers en Aasters hearre.
De jûns waard in stik fan Molière, ‘Le Malade imaginaire’ dat troch de Aaster Joonpraters op’e kop set is, troch de Joonpraters foartreflik spile. It stik spilet him ôf yn de Stins fan Astrein, oan it begjin fan de 14e iuw.

Foto’s fan: Ina Kuipers-Kiel


Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *