It Biltsk is in mingtaal dy’t net as in Nederlânsk en net as in Frysk dialekt oanmurken wurde kin. Dat skriuwe de ûndersikers Paulus van Sluis (University of Wales) en Eric Hoekstra en Hans Van de Velde (beide fan ’e Fryske Akademy) yn in wittenskiplik artikel yn International Journal of the Sociology of Languageoer de taalstatus en taalskiednis fan it Biltsk.
Yn it artikel toane de ûndersikers oan, dat it Biltsk in mingtaal is, dy’t foarme is út in foar ’t grutste part Súd-Hollânske wurdskat mei lettere byminging fan Fryske lienwurden. De grammatika fan it Biltsk, dêrfoaroer, hat in bot Fryske ynslach krigen, trochdat de Biltkers sels meastal twatalich wiene en trochdat der in soad Fryske ymport op It Bilt kommen is te wenjen troch de iuwen hinne. It Biltsk is dus net in dialekt fan it Frysk, én net ien fan it Nederlânsk.
Sij wiene gjin Friezen!
Wêrom binne se op It Bilt dan net alhielendal oerstapt op it Frysk? It antwurd dêrop is, dat de Biltkers in sterk identiteitsbesef hiene: sij wiene gjin Friezen! Dat docht bygelyks bliken út it wiidferneamde ferhaal, dat alle ‘echte’ Biltkers ôfstamme fan íén foarfaar, nammentlik Steven Huygen. Dizze Steven Huygen hat sels nea op It Bilt wenne.
Omdat minsken harren net bewust binne fan grammatika, koe de Fryske grammatika it Biltsk ynkringe. It mei sin brûken fan wurden mei in dúdlike betsjutting makke lykwols, dat in grut part fan ’e Súd-Hollânske wurdskat yn it Biltsk bewarre bleau.
Op 1 jannewaris 2018 sil de gemeente It Bilt gearfoege wurde mei in stikmannich oare gemeenten, dêr’t gjin Biltsk praat wurdt. Dy skaalfergrutting late ta inisjativen om it beskermjen fan ’e Biltske taal en kultuer better yn ’e wet te ferankerjen, û.o. op grûn fan in rapport fan it kennissintrum Mercator fan ’e Fryske Akademy.
De gemeente It Bilt hat dêrom in oanfraach by it ministearje fan Ynlânske Saken yntsjinne, om it Biltsk as regionale taal te erkennen ûnder it Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden, dêr’t it Frysk ek ûnder falt.
‘Wy hoopje dat wy de beliedsmakkers fan it Ministearje, dy’t oer it erkennen fan it Biltsk as taal kedize, fan tsjinst wêze kinne mei ús analyze fan it Biltsk as in mingtaal, dy’t net as dialekt fan it Frysk, nóch as dialekt fan it Nederlânsk sjoen wurde kin’, seit ko-auteur Eric Hoekstra fan ’e Fryske Akademy.
Lês mear:
- Van Sluis, P., E. Hoekstra en H. Van de Velde (2016). Bildts as a mixed language. International Journal of the Sociology of Language 242, 59-80.
- Van Sluis, P. (2015). Seven perspectives on Bildts. The Bildts language status in a European context. Mercator Research Report. Leeuwarden: Fryske Akademy.
- Hoekstra, E. & Riemersma, A.M.J. (2012). Is het Fries een taal? Over streektaalbeleid. In M. Boogaard & M. Jansen (Eds.) De taalcanon. Alles wat je altijd al had willen weten over taal (pp. 176-179). Amsterdam: J.M. Meulenhoff.
- Boarne: Fryske Akademy