It Skriuwersboun

Webside: www.skriuwersboun.nl
Kontakt: bestjoer@skriuwersboun.nl

It Skriuwersbûn
(p.a. skriuwer, Ammerins Moss-de Boer)
Ingelumerdyk 20
9045 RD Bitgummole


It Skriuwersbûn komt op foar de kollektive en yndividuele belangen fan har leden en de Fryske skriuwers yn it algemien en leveret in bydrage oan it ferbetterjen fan it literêre klimaat. It Skriuwersbûn docht dit troch kontakten te ûnderhâlden mei organisaasjes as Tresoar en de provinsje Fryslân.

Twa kear yn it jier is der in ledegearkomste, fierders wurde der temagearkomsten, lêzingen en projekten op ‘e priemmen set. 

Lid binne (oankommende) skriuwers, oersetters, wittenskippers, leararen, sjoernalisten, publisisten, kritisy, stipers fan ’e Fryske literatuer, ensfh. It ledejild is € 40,- it jier.