By in gearkomste yn it Europeesk Parlemint yn Straatsboarch hat de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) út Makkingea syn stipe útsprutsen foar de nije saneamde ‘Intergroup’ oer minderheidstalen yn Europa. Intergroepen binne ‘frije kommisjes’ yn it Europeesk parlemint oer tema’s dy’t Europarlemintariërs sels wichtich fine. De ôfrûne hjerst wiene der foarstellen foar mar leafst 70 Intergroepen. Fan dy 70 foarstellen binne der lang om let 28 ta it Europeesk parlemint talitten.
Huitema en syn fraksje hawwe harren ynset foar it ta stân kommen fan de Intergroep minderheidstalen mei de folgjende argumintaasje: “Der binne yn Europa 50 miljoen minsken dy ’t in minderheidstaal lykas it Frysk yn it deistich libben brûke. Dit komt del op tsien persint fan de befolking yn de hiele Europeeske Uny.” De Intergroep is in inisjatyf fan Europarlemintariërs út ûnder oare Hongarije, Finlân en Kataloanië. Mei Jan Huitema fine sy en 65 oare Europarlemintariërs út 21 ûnderskate lidsteaten dat de Europeeske Uny mear omtinken hawwe moat foar dizze talen.
Huitema: “De Europeeske oertsjûging dy ‘t bekind stiet as feriene yn ferskaat (Unity in diversity) jout in moai fûnemint om dúdlik te meitsjen dat der mear omtinken jûn wurde moat oan minderheidstalen omdat se in wichtich ûnderdiel binne fan de Europeeske mienskip”. Yn de earste gearkomste fan de Intergroep waard benammen sprutsen oer it belang fan edukaasje, net allinnich op de legere skoalle mar ek yn it heger ûnderwiis. Yn folgjende gearkomsten sille spesjalisten op dit gebiet hjir harren miening oer jaan.
Jan Huitema is sûnt Marieke Sanders (ek VVD) de earste Europarlemintariër út Nederlân dy’t lid is fan de Intergroep Minderheidstalen. Mei 65 leden út 21 lidsteaten hat de Integroep in moai brede basis foar de kommende perioade.