Joëlle van der Hoek fan Surhústerfean is de Fryske Foarlêskampioen 2014

Yn in spannende finale fannemiddei yn de teaterseal fan Tryater yn Ljouwert is Joëlle van der Hoek út groep 8 fan basiskoalle It Skriuwboerd út Surhústerfean útroppen ta de Fryske Foarlêskampioen 2014. Sy lies foar út De boel op stelten fan Auck Peanstra.

‘De sjuery hie in drege put want it nivo lei heech, mar Joëlle sprong der boppe út. Sy koe de sfear fan it ferhaal sa goed oerbringe, dat wy mei krûme teannen sieten,’ sa sei sjueryfoarsitter Sietske Bloemhof.

De fjirtjin foarlêsfinalisten hienen hast 200 fans meinaam. Mei spandoeken en yells waarden de favoriten oanmoedige. De sjuery dy’t bestie út Sjoeke Faasse (NHL Hogeschool), Sietske Bloemhof (Tresoar) en Janny Bottema (Stichting It Fryske Berneboek) beoardielen de bern op toan, klam, kontakt mei it publyk, gebrûk fan de stim en fersteanberens. Tusken de bedriuwen troch koenen de finalisten en harren fans genietsje fan optredens fan Sander Metz.

Foar alle skoalkampioenen wie der oan ‘e ein fan de middei in boekenpakket.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.