Op 27 novimber organisearren it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), Mercator European Research Centre, en de Ryksuniversiteit Grins (RUG), ôfdieling Minorities & Multilingualism | Frysk by Tryater yn Ljouwert in lêzinge- en diskusjejûn oer de Katalaanske situaasje, mei ferskate sprekkers út de regio en út Fryslân.
“Oardiele kinne jo pas as jo begripe hoe’t it sit yn Kataloanië.” De ynliedende wurden fan prof. dr. Goffe Jensma fan de RUG, ien fan de organisatoaren, rekken presys de kearn fan de diskusjejûn. Tegearre mei Froukje de Jong, foarsitter fan it EBLT, trape Cor van der Meer fan Mercator Kennissintrum de jûn ôf, wêrnei’t Goffe Jensma it as moderator oernaam. Oan ‘e hân fan stellingen waard der ynteraksje mei it publyk socht. Yn Jensma syn yntroduksje spruts hy koart oer de ferliking tusken Fryslân en Kataloanië, troch de skiednis ta te ljochtsjen, en bygelyks ek de ekonomyske situaasje fan beide regio’s. Unôfhinklikens libbet eins net by de Friezen, en Jensma ûnderbout wittenskiplik wêr’t de ferskillen krekt lizze.
Dochs fiele Friezen faak begryp foar de Katalanen. In minderheid fielt faker begryp foar in oare minderheid, stelde Sybrand Grasdijk dan ek. Grasdijk, sjoernalist yn oplieding, komt sels út De Harkema en hat foar syn oplieding in healjier yn Barcelona wenne. Yn de oanrin nei it referindum yn Kataloanië ta, hat er der west om in dokumintêre te meitsjen, dêr’t in ynkoarte ferzje fan toand waard. Hy makke de film tegearre mei in Utertske, Esther Hendriks, en murk doe gelyk it ferskil: as Fries koe er dochs op in oare manier begripe hoe’t de Katalanen harren fielden, as dat in Nederlânske dat koe. Leden fan minderheden komme faak yn ferlykbere situaasjes en hawwe werkenbere ûnderfiningen, ek as de minderheden sels hiel ferskillend binne. Grasdijk syn dokumintêre is hjir te besjen.
Dr. Eva Daussà, universitêr dosint taalkunde oan de RUG, spruts oer de kulturele, histoaryske en politike kontekst. Katalanen hawwe hieltiid besocht om oer allegearre saken te ûnderhanneljen, mar krije hieltyd in “nee” werom fan Spanje. Daussà lei ûnder oare út hoe’t Franco doetiids sein hie, dat mei Spanje alles dien wurde mocht, mar dat it wol byinoar holden wurde moast. Dat makke ûnôfhinklikens ek sa ûnbesprekber yn Spanje. Ek ljochte se ta dat Katalaansk mei sa’n 10 miljoen sprekkers hielendal net in lytse taal is. It hat mear sprekkers as bygelyks it Finsk. Mar yn Spanje hearre de Katalanen ta in minderheid, en it minderheidswêzen heart ta harren identiteit, krekt as de Friezen dat kenne. Dy identiteit is ek wat Friezen en Katalanen bynt.
Dr. Tilman Lanz is universitêr dosint antropology oan de RUG, en troud mei Daussà. Hy beljochte it geweldleaze civic nasjonalisme yn Kataloanië. De Katalaanske ûnôfhinklikensbeweging is geweldleas, mar der is in risiko dat it konflikt gewelddiedich wurde sil as de Europeeske Uny net as mediator optrede wol. Sa as ek Guillem Belmar, studint Multilingualism yn Ljouwert en fan Katalaanske komôf oanjout: de Katalanen wolle gewoan dat der nei harren harke wurdt. Sy binne wurch fan de beskuldigingen oan beide kanten, en wolle gewoan in oplossing. Hy wurdt sichtber emosjoneel as hy sprekt oer de jierren fan demonstraasjes dêr’t er as Katalaan oan meidien hat, en it gefoel dat de mooglikheid ta stimmen joech oan alle generaasjes Katalanen. Der is no krityk op de lege opkomst by it stimmen yn it referindum, mar mei alle geweld dat de Spaanske plysje brûkte, doarden in soad minsken gewoan net de doar út. Is dat de demokrasy dêr’t de EU foar stiet?
De sprekkers en stellingen rôpen in protte reaksje op fan it publyk, it brocht in soad nei boppe. Dochs is der ek romte foar humor, en der is wurdearring foar it beljochtsjen fan de situaasje: Nederlânske media hawwe yn harren ferslachjouwing faak te iensidich west en tefolle beljochte fanút it ‘Spaanske’ perspektyf, sa is it gefoel. It doel fan “Kataloanië Tichtby” om mear ferdjipping oan te bringen yn de kennis fan de Katalaanske situaasje liket goed slagge.