Kening en Shrek ynsette foar it Frysk

Foto: Omrop Fryslân

Kening Willem-Alexander en Shrek binne hiel goed te brûken foar de promoasje fan it Frysk. Dy twa nammen kamen tongersdeitejûn yn Ljouwert as foarbylden foarby op in debatjûn foar de kommende steateferkiezings. It helpt as it Frysk in wat hegere status hat as no, sa fynt de FNP. Dat kin bygelyks as de kening de twadde rykstaal mear brûkt yn taspraken. CDA-listlûker Sander de Rouwe tinkt dat de ynset fan tekenfilmkarakter Shrek helpe kin om bern safier te krijen dat se Frysk prate. Bear Boeloe en Tomke binne dêrfoar net genôch. It debat oer taalbelied wie organisearrre troch de organisaasje ‘Fierder mei Frysk’ fan de âld-steateleden Frâns Kuipers en Willem Verf. Dy organisaasje soe wol graach in brede maatskiplike diskusje en de referindum oer it Frysk hawwe wolle om ‘de stadige delgong’ fan it Frysk te kearen. By de oanwêzige listlûkers wie net folle stipe foar dat idee. Wol sei listlûker Johannes Kramer fan de FNP dat hy it tiid fynt foar ‘in deltaplan Frysk’. Ek wolle de politike partijen wol neitinke oer in foarstel fan lektor Alex Riemersma om te besykjen om it Frysk op alle skoallen foar fuortset ûnderwiis oan te bieden as (ekstra) eineksamenfak.

Boarne: Omrop Fryslân

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *