Konferinsje “The Current Challenges for Minority Languages in today’s complex societies” yn Brussel

Op 9 novimber 2017 wie it EBLT oanwêzich by it kongres fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) en Centre Maurits Coppieters yn Brussel. It tema fan it kongres wie “The Current Challenges for Minority Languages in today’s complex societies”, ferdield yn trije ûnderdielen, nammentlik migraasje en mobiliteit, ekonomy, en ûnderwiis.NPLD

Yn it iepeningswurd fan presidint Sietske Poepjes neamde sy de Brexit en de situaasje yn Kataloanië. It docht bliken dat de belangen fan naasjesteaten noch hieltiid boppe dy fan de regio’s en de minderheden lizze. Neffens frou Poepjes is gjin ien taal wichtiger as de oare, en moat elkenien de eigen taalidentiteit binnen in naasje hâlde kinne. Se neamde ek it belang fan it Minority SafePack Initiative, dat noch hieltiid in soad hântekenings nedich hat. It inisjatyf kin hjir tekene wurde.

Michael Teutsch, DG edukaasje, jongerein, sport en kultuer fan de Europeeske Kommisje, neamde de fokus op grinsregio’s foar de kommende jieren, en it ûntwikkeljen fan bettere learmetoades foar meartalige skoalklassen.

trystanEk al is it wichtich om meartaligens net allinnich te besjen fanút in ekonoamysk perspektyf (de wearde fan meartaligens is fansels net út te drukken yn jild), die Dafydd Trystan fan Welsh National College dochs in poging mei syn presintaasje oer de wearde fan in Welske pûn. It docht bygelyks bliken dat meartalige Welskers mear sporte (en sûner binne), en earder as ientaligen in baan krije nei it ôfstudearjen. Meartaligens kin ek op oare manieren fan ekonoamyske wearde wêze, bygelyks yn toerisme, sa as Sabrina Rasom fan General Commune of Fassa fertelde.

mrctrCor van der Meer fan Mercator Research Centre on Multilingualism and Language Learning jûch in presintaasje oer de trijtalige skoallen yn Fryslân. Tige nijsgjirrich hoe’t bern mei in oar-talige eftergrûn belutsen wurde by de trije talen fan de skoalle, en ek tige fan betsjutting yn it hjoeddeistige ûnderwiis. Der moat mear diskusje komme oer hoe’t minderheidstalen in rol spylje kinne yn de yntegraasje fan immigranten.

Genôch challenges yndied, wat ek wer ûnderstreket hoe wichtich de útwikseling fan ûnderfining is op kongressen as dizze.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.

* Copy This Password *

* Type Or Paste Password Here *