Leeuwarden.nl no ek yn it Frysk

De gemeente Ljouwert hat har hiele website nei it Frysk oerset. Sadwaande kinne sawat alle ynwenners de gemeentlike ynformaasje yn har memmetaal lêze. Nederlânsk én Frysk. Troch de weryndieling(s) yn de kommende jierren nimt it tal Frysktalige Ljouwerters fiks ta. Dêrom is it no in gaadlik stuit om útein te setten mei in meartalige website. Neist de Fryske ferzje folget dit jier ek noch in Ingelsk part mei relevante ynformaasje foar studinten, besikers en bûtenlânske ûndernimmers.

Ljouwert is de haadstêd fan in twatalige provinsje. It gemeentebestjoer fynt it wichtich dat it Frysk in libbene taal bliuwt en wol dêr ferantwurdlikens foar drage. Dat docht it gemeentebestjoer troch de Fryske taal en kultuer mûnling en skriftlik te stimulearjen. De meartalige website is dêr in goed foarbyld fan. Oare foarbylden binne:

1) Besikers fan it Stedskantoar kinne Nederlânsk en Frysk prate, Fryske brieven krije in Frysk antwurd.
2) Alle wurknimmers fan de gemeente Ljouwert meie in kursus Fryske taal folgje.
3) By sollisitaasjeprosedueres is behearsking fan de Fryske taal in pree.
4) De gemeente wiist pjutteboartersplakken op it belang fan it brûken fan it Frysk en it benutten fan Frysk (les)materiaal.
5) De gemeente fiert in stimulearjend subsydzjebelied om by te dragen oan it fuortsterkjen fan de Fryske kultuer en it sichtber meitsjen dêrfan.
De Fryske ferzje fan Leeuwarden.nl is streekrjocht te benaderjen fia http://frysk.leeuwarden.nl. Op de reguliere homepage http://www.leeuwarden.nl stiet de link nei de Fryske ferzje yn de boppebalke.

De ynfiering fan it Frysk op Leeuwarden.nl is ta stân kaam op inisjatyf fan de Ljouwerter Frysk Nasjonale Partij (FNP). Alle teksten binne oerset troch Taalburo Popkema.

Boarne: http://frysk.leeuwarden.nl/artikel/2013/website-nu-ook-het-frysk

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *