de Moanne

W: www.demoanne.nl
E: redaksje @ demoanne.nl 

Blokhuisplein 40
8911 LJ Ljouwert


de Moanne biedt in breed en kreatyf poadium foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. de Moanne lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. de Moanne ferskynt ûnder oare op it web en op papier.

As algemien-kultureel opinyblêd is de Moanne in tagonklik, eigentiids platfoarm foar en oer kultuer yn Fryslân. It is dus net in tydskrift foar Fryske kultuer, mar stribbet der nei in bydrage te leverjen oan it yn libben hâlden fan kultuer en taal yn Fryslân sûnder ûndergeskikt te wêzen oan in bepaalde (maatskiplike) ideology.

de Moanne wurdt net stjoerd troch de fraach fan in bepaalde groep fan minsken, mar wol yn alle ûnôfhinklikens it brede kulturele libben yn Fryslân registrearje, befreegje, analysearje en fan kommentaar foarsjen.

Wy libje hjoed-de-dei yn in twatalige provinsje en wolle dêrom in poadium biede oan minsken yn Fryslân (of Friezen om utens) dy’t skriuwe wolle, yn it Nederlânsk of yn it Frysk, oer ferskate ûnderwerpen as arsjitektuer, byldzjende keunst, film, fotografy, kultuer fan benammen ek jongerein en nijkommers, muzyk, skiednis, literatuer en teäter mei in link nei Fryslân. Dêrby sil de redaksje fansels de ferhâlding Frysk – Nederlânsk goed yn de gaten hâlde. Wy stribje der nei om safolle mooglik Fryske bydragen op te nimmen.

De twataligens komt earder fanwegen de losse meiwurkers fan de Moanne as fanwegen de fraach fan de lêzers. de Moanne rjochtet har oanbod benammen op de breed oriïntearre lêzer, ynteressearre yn de kultuer en literatuer fan Fryslân, dy’t maklik Frysk lêst of dêr graach wat muoite foar docht en dy’t foar it measte part djipgong preferearret boppe koartswyl.