Fryske Rie


De Fryske Rie is in stifting, dy’t nau oparbeidet mei de beide susterorganisaasjes yn Noard- en East-Fryslân (Dútslân).

Doelstellings en maatskiplike ynbêding
  • it ûntwikkeljen fan de Fryske kultuer yn de brede betsjutting, mei help fan ynternasjonale kontakten en troch it skeppen en ûntwikkeljen fan de middels dy’t sokke kontakten mooglik meitsje;
  • oare Europeeske regio’s yn de kunde te bringen mei de Fryske kultuer en it meiwurkjen oan it presintearjen fan de kultuer fan oare Europeeske regio’s yn de eigen provinsje;
  • it stimulearjen fan de kulturele posysje fan Fryslân yn Europa troch it befoarderjen fan Fryske kulturele aktiviteiten yn oare Europeeske regio’s;
  • it befoarderjen fan in better begryp en freonskip tusken minsken, groepen en folken;
  • benammen it befoarderjen fan de kontakten tusken de trije Fryslannen
Aktiviteiten

De Fryske Rie hat njonken ynsidintele projekten sa as it útjaan fan boeken en it organisearjen fan ynformaasjejûnen, tradisjoneel trije typen reguliere aktiviteiten:

  • It Ynterfrysk Kongres. Wurdt ien kear yn ‘e trije jier holden. Ofwikseljend yn elk fan de Fryslannen.
  • It Friesen-droapen op Helgolân, in kultureel evenemint mei artysten út alle Fryslannen ienris de trije jier.
  • De reguliere moetingen fan de beropsgroepen dy’t yn de Fryske Rie fertsjintwurdige binne, sa as de reguliere en jonge boeremoeting, bestjoerdersmoeting, frouljusmoeting, jongereinmoeting en ûnderwiismoeting.

Elk is wolkom by de aktiviteiten fan de Frysk Rie.