
Webside: www.skriuwersboun.nl
Kontakt: bestjoer@skriuwersboun.nl
It Skriuwersboun
Postbus 1311
8900 CH Ljouwert
It Skriuwersboun komt op foar de kollektive en yndividuele belangen fan har leden en de Fryske skriuwers yn it algemien en leveret in bydrage oan it ferbetterjen fan it literêre klimaat. It Skriuwersboun docht dit troch kontakten te ûnderhâlden mei organisaasjes as Tresoar en de provinsje Fryslân.
Twa kear yn it jier is der in ledegearkomste, fierders wurde der temagearkomsten, lêzingen, tinktanks op priemmen set. Ek binne der ferskillende wurkgroepen lykas Berneboekepraat, Toanielwurkgroep, Proazawurkgroep, Oersetterswurkgroep.
Lid binne (oankommende) skriuwers, oersetters, wittenskippers, leararen, sjoernalisten, publisisten, kritisy, stipers fan ’e Fryske literatuer, ensfh. It ledejild is € 25,- it jier.