NHL Stenden

NHL Stenden is in grutte hegeskoalle mei mear as 20.000 studinten út Nederlân en de rest fan de wrâld. Haadfêstiging is Ljouwert. Der binne mear lokaasjes yn Noard Nederlân. De hegeskoalle jout by ferskate opliedingen omtinken oan Frysk en meartaligens. It lektoraat ‘Meertaligheid en geletterdheid’ docht ûndersyk nei ûnderwiis yn in meartalige kontekst. De hegeskoalle hat in bachelor- en in masteroplieding Frysk, dêr’t dosinten oplaat wurde as dosint Frysk yn it fuortset ûnderwiis en mbû. By de PABO kinne studinten in foech Frysk foar it basisûnderwiis helje. In soad opliedingen biede de mooglikheid ta it folgjen fan in kursus Frysk.

Mear ynformaasje:

E babs.gezelle.meerburg@nhlstenden.com
W www.nhlstenden.com