Tresoar

Tresoar

​Tresoar is ìt plak dêrsto ynformaasje sjochst, fynst en hearst oer dyn êftergrûn, dyn hûs, dyn doarp en miskien sels in stikje fan dyn eigen identiteit. Yn ús gebou brûst it fan aktiviteiten foar jong en âld: konserten, lêzingen, útstallings, edukative projekten, bernekolleezjes. Dêrnjonken is it in ideale romte foar wittenskippers, genealogen, studinten en skoalbern om yn alle rêst (tegearre) wurkje te kinnen oan ûndersyk.

Tresoar is it bewarplak fan de skiednis fan Fryslân. Do fynst hjir in grut tal yn Fryslân ferskynde kranten en tydskriften, hûnderttûzenen boeken wêrûnder eksimplaren út de biblioteek fan Erasmus, tsientûzenen foto’s, films, lûdsopnamen, rjochtbankferslaggen, notariële akten, de Atlas fan Blaeu, hânskriften en brieven fan bekende Friezen, bedriuwsargiven fan Douwe Egberts en argiven fan de Alvestêdeferiening, cd’s fan Fryske punk oant klassyk, it muontsewurk de “Attische Nachten” út 836 nei Kristus en de mear as 150 bibliografyen makke troch J.J. Kalma, de âldste en nijste (Fryske) literatuer, wittenskiplike publikaasjes, digitale bestannen. En noch in hiel soad mear.

Koartom: By Tresoar moast wêze om fysyk en/of digitaal te ûntdekken, ûndersykjen en fertellen.

Besikersadres:
Bûterhoeke 1
8911 DH Ljouwert

Webside: http://www.tresoar.nl

Kontakt: ynfo@tresoar.nl

Tillefoan: 058 789 0 789