Liet International 2020 yn Nordschleswig/Denemarken

Liet International 2020 sil ien fan de offisjele aktiviteiten wêze fan de fiering fan it 100-jierrich bestean fan de grins tusken Denemarken en Dútslân, en ek fan de 100e jierdei fan de Dútske minderheid yn Nordschleswig/Denemarken.

Liet International 2020 fynt op 3 en 4 april 2020 plak yn Gazzværket, in populêre konsert- en nachtklub (www.gazzvaerket.dk) yn de stêd Apenrade/Aabenraa yn it suden fan Denemarken.
Liet International 2020 wurdt organisearre yn gearwurking mei Bund Deutscher Nordschleswiger (BDN), de oerkoepeljende organisaasje fan de Dútske minderheid yn Denemarken.


Noardlik fan de Deensk-Dútske grins yn Noard-Schleswig wenje sa’n 15.000 minsken dy’t by de Dútske minderheid hearre. De Dútske minderheid yn Noard-Schleswig hat eigen skoallen en in grut ferskaat aan sosjale en kulturele organisaasjes en soarget foar in wichtige skeakel tusken de Dútske en Deenske kultueren.

De “call for new songs” foar Liet International 2020 is no offisjeel iepene. Oant tongersdei 31 oktober 2019 kinne muzikanten fan út hiel Europa, dy’t sjonge yn in regionale of minderheidstaal, harren opjaan foar Liet International 2020. Mear ynformaasje kin fûn wurde op de webside fan Liet International: https://liet-international.com/

Liet International 2020 is in bytsje oars as eardere edysjes. 20 akts sille selektearre wurde en útnûge wurde om nei Denemarken ôf te reizgjen. Op freed 3 april sille alle 20 foar publyk en sjuery optrede. 10 fan harren sille selektearre wurde foar de grutte finale op sneon 4 april 2020. Beide kearen fynt it plak yn Gazzværket. It sjongfestival foar regionale en minderheidstalen Liet International is in Frysk inisjatyf en waard yn 2002 foar de earste kear organisearre yn de haadstêd fan Fryslân, Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa en sûnt 2008 ûnder de beskerming fan de Ried fan Europa. Liet International lûkt elts jier in soad oandacht fan de media – fan BBC oant Al Jazeera – en is útgroeit ta ien fan de grutste eveneminten foar de promoasje fan minderheidstalen. Yn 2018 fûn de lêste edysje fan Liet International plak yn Ljouwert.

Mear ynformaasje oer de Dútske minderheid en de Dútsk-Deenske grinsregio kin hjir fûn wurde: www.bdn.dk & www.nordschleswig.dk

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *