Fryske Akademy

Fryske Akademy

E: fa @ fryske-akademy.nl

W http://www.fryske-akademy.nl/

Doelestrjitte 8
Postbus 54
8900 AB Ljouwert


Sûnt it oprjochtsjen fan it ynstitút yn 1938 set de Fryske Akademy him yn foar it fûneminteel en tapast wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, skiednis en kultuer. Nei goed 75 jier is dy opdracht, dy’t de Fryske mienskip de Akademy by de oprjochting meijoech, noch jimmer liedend.

It is de taak fan ‘e ûndersikers om ‘e dynamyk fan taal en fan sosjale en histoaryske prosessen te analysearjen. Dat dogge sy troch ûndersyk te dwaan nei de Fryske taal, meartaligens, taallearen en it ferline fan Fryslân. De Fryske Akademy makket it Frysktalich en histoarysk erfgoed tagonklik foar wittenskip en maatskippij en ûntwikkelet digitale ynstruminten en kolleksjes foar ynnovearjend ûndersyk.