Der sil hjoed in bus út Fryslân wei nei De Haach ride om syn reizgers yn de gelegenheid te stellen de behanneling yn de Twadde Keamer fan de Taalwet mei in stikmannich Steateleden by te wenjen. Der is noch plak! Minsken dy’t ek mei wolle, moatte harren jûn of moarnier betiid opjaan by Nynke van Dijk fan de Steategriffy:
mail n.vandijk@fryslan.nl; telefoan 058-2925906
Gearkomme om 15:45 oere foar it Provinsjehûs
As jo mei wolle, moatte jo net ferjitte in identiteitsbewiis mei te nimmen om it gebou fan de Twadde Keamer ynkomme te kinnen. Opstappe kin, oars as yn Ljouwert, ek noch yn Surch.
Boarne: It Nijs