Polityk gewin giet troch de mage: De betsjutting fan iten en drinken oan it Fryske stedhâlderlik hôf yn de 17e en 18e iuw
Op tongersdei 8 juny 2023 organisearret it Keninklik Frysk Genoatskip/Koninklijk Fries Genootschap yn gearwurking mei de RUG Campus Fryslân in duolêzing troch Iris Witzenburg en Herman van Vliet oer de rol fan iten en drinken yn de politike kultuer fan it Fryske stedhâlderlik hôf yn de 17e en 18e iuw.
Iris Witzenburg
Iris Witzenburg giet yn op har ûndersyk nei hoe’t de Fryske stedhâlder Willem Frederik om 1650 hinne besocht syn macht te fergrutsjen troch ek iten en drinken yn te setten. In fleske wyn of wat parren wienen yn dy tiid net allinne mar bedoeld om yn kulinêre sin fan te genietsjen, dêr siet mear achter. Witzenburg helle yn 2022 har master Skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen en wurket no as sjoernalist by Omrop Fryslân.
Herman van Vliet
Herman van Vliet giet dêr op fierder troch nei te gean hoe’t de kulinêre kultuer oan it stedhâlderlik hôf yn de earste helte fan de 18e iuw opbloeide. Fia trije persoanen dy’t oan it hôf fan Willem IV ferbûn wienen, in hortulanus, in sjef-kok en in hofdame, lit er sjen hoe’t de stedhâlder prestiizje ûntliende oan in goede ytkultuer. Van Vliet helle yn 2023 syn master Skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen. Hy is ûndernimmer en hâldt him as passyboer dwaande mei it ferkoartsjen fan ‘voedselketens’.
Programma:
15:30 Ynrin mei kofje/tee
16:00 Iepening troch Joop Koopmans (foarsitter KFG)
16:10 Iris Witzenburg: Eten en politiek ging hand in hand bij Friese stadhouder Willem Frederik
16:40 Herman van Vliet: De eetcultuur aan het Friese stadhouderlijke hof van stadhouder Willem IV
17:10 Fragen en diksusje
17:30 Sluten en in drankje
Plak: Auditorium Campus Fryslân, Wirdumerdijk 34, 8911 CE Ljouwert
Fiertaal lêzingen: Nederlânsk (yn diskusje ek Frysk en Ingelsk mooglik)
Oanmelde: fóár 5 juny 2023 op info@friesgenootschap.nl (tagong fergees)