NHL Hogeschool

Hegeskoalle NHL is in brede hegeskoalle mei mear as tsientûzen studinten, dy’t út hiel Noard-Nederlân weikomme. De measte studinten ferbliuwe op it haadgebou yn Ljouwert, mar der binne ek fêstigingen yn Swol, Grins, Ynskedee en op Skylge.

De NHL jout by ferskate opliedingen omtinken oan de meartaligens fan Fryslân. De hegeskoalle hat in bachelor- en in masterstúdzje Frysk, dy’t studinten it foech jouwe om les te jaan yn it fuortset ûnderwiis. Kursussen Frysk wurde by in soad opliedings ferplichte of as karfak oanbean, bygelyks op ‘e pabû, by maatskiplik wurk en by kommunikaasje. De NHL hat ek in spesjale pabûrjochting, dy’t opliedt foar it wurkjen op trijetalige basisskoallen.

Mear ynformaasje:
NHL Hogeschool
ornearre foar Henk Wolf, ôfd. Talen
Postbus 1080
8900 CB  Ljouwert

T 058-2512132 (Henk Wolf)
E h.a.y.wolf A iec.nhl.nl
W www.nhl.nl