Nij ferskynd by de Afûk: ‘Anton yn it museum’ fan Mirjam van Houten

By de Afûk ferskynt op sneon 10 maaie it prachtige, kleurrike printeboek Anton yn it museum. Anton yn it museum is alwer it fyfde berneboek fan skriuwer en yllustrator Mirjam van Houten. It printeboek ferskynt boppedat tagelyk yn it Frysk én yn it Nederlânsk. In grut part fan de prachtige printen yn it boek makken yn de simmer fan 2024 diel út fan de eksposysje Verhaald – Verbeeld yn Museum Belvédère op It Hearrenfean. Ek binne se oant 11 maaie 2025 noch te sjen yn de Koppelkerk yn Bredevoort, as ûnderdiel fan de eksposysje Verhalen Verbeelden Vrijheid.

It boek is in prachtich foarbyld fan ferbylding en fernuvering foar bern én foar folwoeksenen. Mei subtile humor en sprekkende bylden slacht it in brêge tusken jong en âld. Anton komt fan ’t bêd, klaait him oan, yt, en nimt de bus nei kantoar. Alle dagen wer. Op in dei sjocht Anton in poster fan in skilderij, hy lit de bus trochride en giet nei it museum. En dan wurdt alles oars…

Oer de auteur
Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977) debutearre yn 2016 mei Tije, in boek foar bern fan 7 jier ôf. Dat boek waard yn 2018 foardroegen foar de IBBY Honour List, in twajierlikse ynternasjonale list
mei berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit, en waard ek nominearre foar de Simke
Kloostermanpriis. Yn 2021 ferskynde har twadde berneboek: By beppe útfanhûs, dat oersetten waard yn it Faeröersk, Ladinysk en Noardfrysk én bekroand mei de Diet Huber yllustraasjepriis. Yn 2022 kaam Jelle en juf út, dat yn 2025 bekroand is mei de Simke Kloostermanpriis, en yn 2023 ferskynde It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek.

Boekpresintaasje:
De presintaasje fan Anton yn it museum fynt plak op sneon 10 maaie fan 14.00 – 15.30 oere yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert. De winkel is dêrtroch spesjaal de hiele dei iepen foar it winkeljend publyk. Mirjam van Houten sil dan wat fertelle oer it ûntstean fan it boek en in stikje foarlêze. It earste eksimplaar wurdt oanbean oan de Fryske berneboeke-ambassadeur, Tialda Hoogeveen.

Elkenien is fan herten wolkom!

Boekgegevens Anton yn it museum

  • Auteur en yllustrator: Mirjam van Houten
  • Utfiering: ynbûn
  • ISBN: 978 9493318595
  • Ferkeappriis: € 16,99
  • Leeftiid: 4 – 8 jier
  • Taal: Fryske ferzje en in Nederlânske ferzje
  • websjop.afuk.frl

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *