In fleurich printeboek oer de magy fan beammen en dreamen dy’t útkomme.
‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’ is in betsjoenend printeboek fan auteur en yllustrator Linda de Haan. Linda waard ynspirearre troch it projekt BOSK yn Ljouwert, wêrby’t mear as 1000 beammen in rûte troch de binnenstêd ‘kuieren’.
Yn it ferlingde fan Bosk, dêr’t Linda seach hoe’t bern genieten en boarten tusken de beammen fan it kuierjende bosk, nimt se ús mei op aventoer. Sy stelde harsels de fraach: “Hoe kin ik de ynspiraasje, de ferwûndering en de ynformaasje fan Bosk as byldmakker fêstlizze en trochjaan oan jonge bern en harren âlden en pakes en beppes?”
Yn dit fantasyfolle printeboek folgje wy Simke, dy’t mar ien grutte winsk foar har jierdei hat: in beam yn ’e strjitte. Sy skriuwt in brief oan de boargemaster en wachtet ôf. As sy in pear dagen letter wekker wurdt, stiet de strjitte fol mei beammen. Wat in geweldich kado! De hiele strjitte komt ta libben: in keunstner fertelt oer de kleuren en de foarmen fan de beammen en de blêden, heit lêst foar op it balkon, der wurde beamhutten boud en bern boartsje ferstopperke. Simke soe o sa graach wolle dat it bosk foar altyd yn har strjitte bliuwt, mar kin dat wol?
By útjouwerij Ploegsma yn Amsterdam is tagelyk de Nederlânske ferzje ferskynd ûnder de titel: ‘Ik wil een bos voor mijn verjaardag’.
Presintaasje/foarlêze:
Op freed 29 maart (Goedfreed) fan 14.00 – 15.00 oere lêst Linda de Haan foar út har nije boek, spesjaal foar bern fan 4 oant 7 jier. Dat fynt plak yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert. Ek wurdt dêr mei de bern noch in aktiviteit organisearre: sy sille mei Linda de Haan in eigen boekje meitsje. Elkenien is fan herten wolkom!
Boekgegevens
- Titel: Ik wol in bosk op ’e jierdei
- Auteur en yllustrator: Linda de Haan
- Utfiering: hurd kaft
- ISBN: 978 949 331 8267
- Ferkeappriis: € 16,99
- Utjouwer: Afûk
- www.websjop.afuk.frl