Nij struibrief oer de ‘Opstalsbeam’, in Fryske myte en in symboal fan de Fryske frijheid

Jierlikse betinking by de Opstalsbeam, mei âld-Fryske muzyk - Foto: Fryske Rie

Yn Rahe, by Auwerk/Auerk (Aurich) yn East-Fryslân, leit al sûnt iuwen de Opstalsbeam, oarspronklik in grêfhichte fan in foarname famylje út de lette 8ste iuw. Dy Opstalsbeam hat in grutte histoaryske en symboalyske betsjutting foar alle Friezen. Yn 1833 is it monumint fan hjoed-de-dei yn de foarm fan in piramide opmitsele mei balstiennen. Feitliken moat dit plak sjoen wurde as symboal fan de Fryske frijheid. Mei it wurd ‘Opstalsbeam’ wurdt fan âlds in peal of slachboom fan in ôffrede stik lân bedoeld. Yn ingere sin giet it om in mienskiplik brûkt stik greidlân.

De Fryske frijheid wurdt noch altiten sjoen as in wol hiel bysûnder skaaimerk fan (benammen) East-Fryslân. Yn de Midsiuwen hat him dêr in maatskippijfoarm ûntwikkele dy’t ôfwiek fan it doe feodale Europa. Der wie sprake fan in bûn fan frije lânsgemeenten út de Fryske kuststreek. Fertsjintwurdigers fan de lânsgemeenten, dy’t frij keazen waarden, kamen yn de regel op ’e tiisdei nei Pinkster (letter waard dat ‘Âlde Maaie’) by de Opstalsbeam gear om op te kommen foar frijheid en rjocht foar alle Friezen.
Nei’t de betinking in skoft yn ûnbrûk rekke wie, hat it ‘Friesisches Forum’ dy ta nij libben brocht. Alle jierren op de ‘tredde pinksterdei’ komme der Friezen út alle wynstreken nei it monumint. Der wurde taspraken holden, somtiden ek fan ús eigen Fryske bestjoerders, der binne optredens fan bern, der is muzyk, ensfh. Nei ôfrin is der in gesellige gearsit.

De ‘Ostfriesische Landschaft’ hat it monumint yn behear en mei it gemeentebestjoer fan Aurich binne se fan doel om it gebiet om it monumint hinne op te wurdearjen. Ien fan dy aktiviteiten wie it meitsjen fan in struibrief yn it Heechdútsk, it Platdútsk en it Nederlânsk. Yn oerlis mei de provinsje Fryslân en de Fryske Rie is derfoar soarge dat dit struibrief no ek yn it Frysk printe is. Wy binne der wiis mei dat it slagge is en krij dat krekt foar de earstkommende jierlikse betinking op 26 maaie klear. Eltsenien is dan wolkom en it kostet neat.

Klik hjir foar it struibrief.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.