Nije staveringshifker foar Word

De Fryskskriuwende wrâld hat der in jiermannich op wachtsje moatten, mar no is der wer in staveringshifker foar de resinte ferzjes fan de tekstferwurker Word. De hifker is makke troch de Fryske Akademy yn Ljouwert.

De hifker soe ynearsten makke wurde foar Fryske teksten dy’t skreaun binne yn de nije stavering dy’t de Fryske Akademy útsteld hat. Op dy stavering kaam lykwols sa’n soad krityk dat de Akademy no earst fierder oer de wizigingsútstellen prakkesearret. Wilens is de âlde staveringshifker, dy’t allinne gaadlik wie foar Word 2007 en earder, geskikt makke foar Word 2010 en 2013.

Yn de nije hifker sit de opsje om minder faak brûkte dialektfoarmen ôf te karren. De Akademy gie derfan út dat de provinsje dy foarmen yn it ûnderwiis ferbiede soe. Dat die bliken in misbegryp te wêzen. Brûkers kinne no kieze oft se de advizen fan de Fryske Akademy wol of net sjen wolle.

Klik hjir om de staveringshifker op jo kompjûter te setten.

Boarne: It Nijs

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *