Omrop Fryslân ferliest syn selsstannichheid. Op 1 jannewaris 2017 giet de Omrop op yn in kluster mei RTV Noord en RTV Drenthe. De redaksje bliuwt bestean, it merk Omrop Fryslân ek, mar ûnderdielen as technyk, personielssaken, reklame, direksje en bestjoer wurde gearfoege.
Gefolch dêrfan is dat de tsientallen minsken yn it Noarden ûntslein wurde moatte. By Omrop Fryslân ferdwine sa’n 15 banen. De plannen sille neffens direkteur Jan Koster gjin gefolgen ha foar de Fryske taal, dy bliuwt.
Koster neamt it in wol swarte dei foar de Omrop, mar it hie noch slimmer kinnen. De reorganisaasje is ûnderdiel fan de besunigingsplannen fan ROOS, de oerkoepeljende organisaasje fan alle trettjin regionale omroppen. Dy moatte mei-inoar 17 miljoen euro besunigje. Om dat bedrach te heljen geane de regionale stjoerders op yn fiif klusters. Der sille mei-inoar tusken de 150 en 180 arbeidsplakken ferdwine. Steatssiktaris Sander Dekker en ek de Twadde Keamer moatte noch akkoart gean mei de plannen.
Foarsitter Maaike van Dyk fan de ûndernimmingsried fan Omrop Fryslân neamt it yn in earste reaksje ‘hiel tryst’ dat der nei alle gedachten in ein komt oan Omrop Fryslân as selsstannige organisaasje. Deputearre Sietske Poepjes reagearret bysûnder kritysk op de plannen fan ROOS; sy it benaud dat it noardlik kluster mei Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe it begjin fan de ein fan de Fryske radio en televyzje betsjutte sil. Deputearre Poepjes wiist op de beskerme posysje dy’t de Fryske taal hat. Sy wol yn Den Haach in mienskiplike lobby opsette fan deputearre en provinsjale steaten, om de selsstannichheid fan Omrop Fryslân te behâlden.