Yn 2012 dûkte yn de argiven fan Tresoar in komplete Fryske opera op, komponearre troch de Fryske musikus Martinus Schuil (1842-1899). Schuil wie yn syn tiid mei syn muzyk bekend yn Nederlân en Europa. Wy meie him mei rjocht de Fryske Offenbach neame, want dy ferneamde komponist heare wy dúdlik yn Schuil syn wurk. De kwaliteit fan de muzyk wie sa goed dat Tresoar en Opera Company Noord yn 2014 de komyske opera yn de nije bewurking Keapmanskeunsten op’e planken bringe. Komponist Tjalling Wijnstra restaurearre de partituur en toanielskriuwer/dramaturch Bouke Oldenhof bewurke de tekst. Mei in profesjoneel orkest, solisten en akteurs (ûnder regy fan Henk Zwart) wurdt Iepenloftteater Burgum-De Pleats it poadium fan fiif brûzende, eigentiidse foarstellings fan Keapmanskeunsten. Leafhawwers fan muzyk, kultuur en drama wollen der fansels by wêze.
Alle ynformaasje, ynklusyf kaartferkeap, is te finen op www.keapmanskeunsten.nl.
Boarne: Tresoar