Ynterfrysk Kongres: Selsstannich Omrop Fryslân wichtich foar alle Friezen

Omrop Fryslân moat selsstannich bliuwe. In selsstannich en Frysktalige Omrop Fryslân, dat arbeidet en programma’s ûntwikkelet fanút Frysk perspektyf, is wichtich foar alle Friezen, wêr’t se ek wenje. De Ynterfryske Rie, byinoar op it 26ste kongres op it Noard-Fryske eilân Söl/Sylt, docht dêrom in driuwend berop op de Provinsje Fryslân, de Mediakommisje yn de Nederlânske Twadde Keamer en steatssekretaris Dekker om derfoar te soargjen dat Omrop Fryslân folslein selsstannich en ûnôfhinklik fierder wurkje kin.

In selsstannige en frij operearjende Omrop Fryslân, bestjoerd troch Friezen, is fan grut belang foar Friezen en Friezen-om-utens út Fryslân, East-Fryslân, Seelterlân en Noard-Fryslân. De Fryske kultuer, de Fryske muzyk, mar ek it Fryske ûnderwiis hat in soad te tankjen oan it rike programma-oanbod fan Omrop Fryslân op radio, televyzje en on-line. Wy wize hjirby ek op de ferskate programma’s dy’t Omrop Fryslân, fanút Frysk perspektyf, troch de jierren hinne makke hat oer de Fryske minderheden yn Dútslân.

De Ynterfryske Rie hat mei niget en waarme belangstelling sjoen dat Omrop Fryslân him begûn te ûntjaan doe’t it, yn 1988, in selsstannige stichting waard. Der wiene eksperiminten mei skoaltelevyzje, dokumintêres en deistige regionale televyzje en de radio waard yn stappen útwreide fan in pear oerkes oant 24 oeren deis, mei dêr boppe-op ek noch ferskate temakanalen on-line. It binne stik foar stik fêste ûnderdielen wurden fan it Fryske medialânskip.

Lês mear…

Facebookside ‘Omrop Fryslân selsstannich’ op 5000 likes

In Facebookside dy’t pleitet foar de selsstannichheid fan Omrop Fryslân hat al mear as 5000 likes krigen. Minsken dy’t de side stypje, fine dat Omrop Fryslân net opgean moat yn in noardlik kluster mei RTV Noord en RTV Drenthe.

Dat is wol it plan fan ROOS, de oerkoepeljende organisaasje fan regionale omroppen. Dy tinkt dat der mei klustering fan regionale omroppen 17 miljoen besparre wurde kin. De plannen fan Roos betsjutte lanlik in ferlies fan tusken de 150 en 180 banen, by de Omrop ûngefear 15.

Ek de partijen yn Provinsjale Steaten binne kritysk oer it besunigings- en reorganisaasjeplan fan ROOS.

Klik hjir foar de Facebookside fan Omrop Fryslân selsstannich!

Drentse Openluchtspeulen speult dizze zomer volop!

Zoas elke zomer kuj ok dit jaor weer naor diverse Openluchtspeulen. Wij hebt de veurstellings even op een rijgie ezet zodaj kieken kunt wel Drents toneelspel aj bezuken gaot. Veul plezier alvast … èn mooi weer ewenst vanzelf!

Stichting Openluchtspel Havelte speult Hielemaol Hoteldebotel
(Hotel te koop door Henk Roede, vertaald in dialect door Ben ten Velde )
Wordt opevoerd: 15 en 17 juli, 9, 12, 15, 19, 22, 26 en 28 augustus

Het echtpaar Bovendijk hef een klein hotellegie. Het hotel stiet al een poosie te koop en eindelijk hef zich dan een koper emeld. Der mut vanzelf een goeie indruk op de koper emaakt worden, maar de ofeglopen jaoren is der niet barre veul an ’t hotel gebeurd en het personeel is eigenlijk ok niet zo goed in de taken die as zij doen mut. De vraog is of de koop wel deurgiet en ja, wat is de koper eigenlijk van plan mit het pand? Lês mear…

Kultuurdippeteerde Sietske Poepjes eupent veurleesweke Tomke in Noordwoolde

Maendagmorgen 1 juni was de eupening van de Tomke-veurleesweke in ukkespeulplak Meulewiek in Noordwoolde. De eupening zal gebeuren deur kultuurdippeteerde Sietske Poepjes. Zi’j zal daorveur een verhaeltien veurlezen uut et ni’jste Tomkeboekien Hoj Tomke. Et is veur et eerst dat disse biezundere veurleesweke, die sund jaor en dag in de hiele perveensie Frieslaand holen wodt, in Stellingwarf uut aende gaot.

De Tomke-veurleesweke is een initiatief van It Selskip foar Fryske schriftekennisse. Dit zelschop het deur de hiele perveensie henne overal vri’jwillige mitwarkers zitten die de weke in heur dörp of regio orgeniseren. In de Stellingwarven gebeurt dat al sund jaor en dag deur twie vri’jwilligers van de Stellingwarver Schrieversronte, dat bin Akkie Zeilstra veur Oostaende en Wikje Haan veur Westaende.

Et boekien Tomke mit daorin de aeventuren van et joongien Tomke, zien kammeraotien Romke et hontien en Kornelia de kangeroe verschient dit jaor veur de 19e keer. Et wodt uutgeven deur de Afûk en komt behalven in et Fries en et Stellingwarfs o.e. ok uut in et Bildts en dit jaor veur et eerst in et Schiermonnikoogs. Veur de Stellingwarver ukken wodt Tomke vanuut et Fries in et Stellingwarfs vertaeld deur Sjoukje Oosterloo. De Stellingwarver Schrieversronte stelt veur alle ukken een boekien beschikber.

De feestelike eupening wodt bi’jwoond deur vertegenwoordigers van It selskip foar Fryske schriftekennisse, de Afûk en de Schrieversronte.

Boarne: Stellingwarfs.nl

Feest op bernedeiferbliuw De Tovervis fan Smallsteps yn Drachten

Op sneon 6 juny 2015 is it feest op bernedeiferbliuw De Tovervis yn Drachten. It bernedeiferbliuw fan organisaasje Smallsteps wurket sûnt 2011 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. De Tovervis hat dat trajekt no ôfrûne en dêrmei it sertifikaat ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. Op 6 juny wurdt it sertifikaat op it Simmerfeest oan de liedsters oerlange. Foar de bern binne der ferskate aktiviteiten organisearre. Karin de Liedjesmamma komt, de bern kinne sminke wurde, sy kinne blombakjes fersiere, der is in brobbeltsjeblaasmasine, in piratesirkwy, ensfh. Elk dy’t ynteresearre is, is wolkom om op it Simmerfeest te sjen.

Provinsjaal ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it twatalich belied ynfierd hat, stiet boppe de 195 en is noch altyd groeiende. Lês mear…

Dútske minderhedepartij SSW komt op foar Omrop Fryslân

It Südschleswigscher Wählerverband SSW, in partij yn Sleeswyk-Holstein, stipet Omrop Fryslân yn syn striid foar selsstannigens. Op de webside stiet in ferklearring, skreaun yn it Frysk en Dútsk. ,,Omrop Fryslân hat altyd in grut foarbyld foar ús Friesen yn Nordfraschlönj west. Net allinnich foar ús, mar ek foar oare minderheiden yn hiel Europa”, skriuwt parlemintslid Lars Harms fan de Landtag yn Kiel.

Harms ropt de provinsje op om in earlike dialooch oan te gean mei Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân sil, as it oan de direkteuren fan de regionale omroppen leit, fan 2017 ôf gearwurkje mei RTV Noord en RTV Drenthe yn in noardlik kluster. De redaksje soe wol selsstannich bliuwe, mar alle oare ôfdielings wurde gearfoege. Ek komt der ien lanlike lieding foar alle regionale omroppen. Deputearre Poepjes is ek tige kritysk oer de plannen fan Roos. Poepjes neamde dit ferline wike ‘it begjin fan de ein’.

Boarne: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân net langer selsstannich yn 2017

Omrop Fryslân ferliest syn selsstannichheid. Op 1 jannewaris 2017 giet de Omrop op yn in kluster mei RTV Noord en RTV Drenthe. De redaksje bliuwt bestean, it merk Omrop Fryslân ek, mar ûnderdielen as technyk, personielssaken, reklame, direksje en bestjoer wurde gearfoege.

Gefolch dêrfan is dat de tsientallen minsken yn it Noarden ûntslein wurde moatte. By Omrop Fryslân ferdwine sa’n 15 banen. De plannen sille neffens direkteur Jan Koster gjin gefolgen ha foar de Fryske taal, dy bliuwt. Lês mear…

Fryslân kin net sûnder selsstannige omrop

Foto: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân sil opgean yn ien grutte regionale omrop foar Noard-Nederlân. Dat alteast is it plan dat de direksjes fan alle regionale omroppen yn ús lân betocht ha en oanbean ha oan steatssekretaris Dekker.

De meiwurkers fan Omrop Fryslân binne it net iens mei dizze plannen en meitsje har grutte soargen. Wy fine dat de omrop hoe dan ek folslein ûnôfhinklik bliuwe moat yn de takomst. Neffens de direksjes soe ús redaksje selsstannich bliuwe kinne, mar wy tinke dat dizze ûntjouwing it begjin fan de ein fan ús autonomy is, en de folgjende stappen – it fierder opjaan fan ynhâldlike eigen sizzenskip – no gau fierder om de hoeke komme sille.

Ien fan de belangrykste redenen foar de oprjochting yn 1988 fan in selsstannich Radio Fryslân wie om ús eigen Fryske taal brûke te kinnen en ús eigen Fryske kultuer op de bêst mooglike manier foar it fuotljocht bringe te kinnen, mei in eigen stjoerder. Al hast tritich jier bringt de Omrop dat Frysk en dy kultuer by jo thús yn de keamer. It skûtsjesilen, de alvestêdetochten, kulturele eveneminten, dokumintêres, skoaltelevyzje, aktueel nijs en ferdivedaasje, allegear yn it Frysk of in Fryske streektaal.

Lês mear…

Frysk bliuwt populêr yn opfieding Fryske bern

Hast njoggentich prosint fan de âlden yn Fryslân is fan betinken dat meartalich grutbringen in positive ynfloed hat op de ûntwikkeling fan in bern. Se sjogge it gebrûk fan sawol it Frysk as it Nederlânsk as in tafoeging op de algemiene ûntwikkeling fan harren bern. Ek binne se fan betinken dat bern mei in meartalige opfieding makliker in oare taal leare en mear taalgefoel ûntwikkelje.

Dit docht bliken út ûndersyk fan de provinsje Fryslân ûnder mear as 1700 âlden yn Fryslân. It ûndersyk is in ferfolch op in ûndersyk yn 2008/2009. Doe krigen âlden dy’t oanjefte diene fan de berte fan harren bern by de gemeente in saneamd ‘taaltaske’ mei. Dêryn siet ynformaasje oer meartaligens en in fragelist oer harren taalhâlding en de taalsituaasje thús.

De bern út it ûndersyk fan 2008/2009 sitte no yn de groepen 1 en 2. Yn dit ferfolchûndersyk is âlden op ‘e nij frege nei de taalsituaasje thús. Der is ek sjoen nei de opfettingen fan âlden oer meartalich grutbringen en meartalich ûnderwiis en nei it taalgebrûk fan de bern, thús en op skoalle. Op dizze wize kin de taalsituaasje fan bern folge wurde. Ek wurdt dúdlik hoe’t it gebrûk fan in taal him ûnder ferskate fazen yn it libben ûntwikkelet. Lês mear…

Tomke yn taal fan Skiermûntseach oerset

De ferhaaltsjes fan it jonkje Tomke binne der no ek yn it Skiermûntseagersk. De kultuerhistoaryske feriening ‘t Heer en Feer fan it eilân fynt it belangryk dat de eilanner taal bestean bliuwt.

Ien fan de Tomkeboekjes is fan it Frysk oerset yn it Skiermûntseagersk. Der binne 350 eksimplaren fan drukt. Alle bern op it eilân krije in boekje. Yn de foarlêswike, begjin jûny, wurdt dêrút foarlêzen op skoalle en it pjutteboartersplak.

Boarne: Omrop Fryslân

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 23 24 25 26 27 28 29 30 31 32 33 34 35 36 37 38  Scroll to top