De streektalenatlas fan Fryslân

Op 18 desimber is de streektaalatlas fan Fryslân ferskynd, mei gebrûk en behearsking fan de ferskate streektalen yn de Fryske streektaalgebieten. Deputearre fan provinsje Fryslân Jannewietske de Vries presintearre de atlas yn it Bilt, dêr’t de eigen streektaal tige wichtich is, sa docht bliken út it ûndersyk.

Der hat yn 2014 in enkête ûnder hast 19.000 húshâldens west. Yn it Bilt wie de respons it heechst. Fryslân hat njonken de Fryske en Nederlânske taal in grut ferskaat oan streektalen: it Biltsk, Stellingwerfsk, Amelânsk, Aastersk, Midslânsk, Westersk, Skiermûntseagersk, Hylpersk en it Stedsfrysk, yn acht farianten. Lês mear…

Brede stipe foar Taalweb Frysk en oanpaste stavering

Foto: Omrop Fryslân, Jaap Elzes

Yn Provinsjale Steaten is in soad stipe foar it plan fan de Fryske Akademy foar Taalweb Frysk: in nije Fryske online wurdlist mei staveringshifker en online wurdboek. Neffens de measte partijen hat it ûnderwiis dêr in soad ferlet fan. Ek binne der yn Fryslân in soad minsken dy’t wol wat stipe brûke kinne by it skriuwen fan it Frysk.

De nije wurdlist moat lykwols net sjoen wurde as in ferplichte standert, mar as in foarkarswurdlist. Der bliuwt romte foar regionale farianten lykas Wâldfrysk en Súdwesthoeks. De list giet begjin 2015 online. Lês mear…

Europeesk Parlemint hâldt kommisje minderheidstalen

Foto: BNR

Der bliuwt in kommisje foar minderheidstalen en -kultueren yn it Europeesk Parlemint. De saneamde yntergroep soe ôfskaft wurde, mar it EP hat tongersdei besluten dat er yn alle gefallen oant 2019 bestean bliuwe mei.

Yntergroepen binne ynformele kommisjes fan it EP mei in beskaat ûnderwerp as binende faktor. De EP-leden yn sa’n kommisje hawwe yntinsyf kontakt mei organisaasjes en lobbyisten dy’t mei dat ûnderwerp dwaande binne. In yntergroep kin allinne mar oprjochte wurde en bestean bliuwe as er de stipe kriget fan de grutte partijen yn it EP. Boppedat moatte op syn minst trije fraksjes yn it EP leden leverje wolle. Lês mear…

Tryater fiert har 50-jierrich jubileum

Foto: Omrop Fryslân

Tryater fiert takom jier har 50-jierrich jubileum en dêrmei is it selskip it âldste teaterselskip fan Nederlân. Yn it ramt fan it jubileum komt de teatergroep mei in nij inisjatyf. Se rjochtsje in groep beskermers op, dy’t Tryater stipet en ek meitinkt mei de teatermakkers.

Der binne tsien plakken beskikber foar de beskermhearen en -froulju. Dy moatte 2500 euro bydrage. Yn ruil dêrfoar meie se meiprate oer it belied fan Tryater. Lês mear…

Pjutteboartersplak ‘It Boartersplak’ yn Ternaard is sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling

Op tongersdei 4 desimber wie it dûbelt feest op pjutteboartersplak It Boartersplak yn Ternaard. It pjutteplak fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradiel wurket sûnt febrewaris 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe it trajekt no ôfrûne en it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. Op 4 desimber wie it Sinteklaasfeest op It Boartersplak. Ferrassingspyt hat it sertifikaat út in Fryske Pitesek helle en oan liedsters Grietsje, Nynke en Annette oerlange. Alle bern hawwe in Frysk Pitesekje mei in Tomke-kado en in Sinteklaaskado fan Ferrassingspyt krigen. Lês mear…

Oersetsprint foar Frysk Facebook op Mercator-konferinsje

In team fan frijwilligers jout freed yn it Ljouwerter kafee Van Buren it lêste triuwke oan it folslein beskikber meitsjen fan Facebook yn it Frysk. Dizze ‘Fryske Facebook Oersetsprint’ fynt tagelyk plak mei in ynternasjonale konferinsje oer meartaligens en sosjale media fan it kennissintrum Mercator fan ’e Fryske Akademy.
Lês mear…

Dekker: “Ek Omrop moat gewoan besunigje”

Foto: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân moat gewoan meidwaan yn de besunigings dy’t it Ryk trochfiere wol op de regionale omroppen. Mar it Frysk moat fansels wol waarboarge wurde. Dat sei steatssikretaris Sander Dekker moandei yn it mediadebat dat de hiele dei yn Den Haach plakfynt.

Alle regionale omroppen moatte 17 miljoen besunigje foar 2017. De provinsje Fryslân wol dat Omrop Fryslân minder rekke wurdt troch de besunigings omdat de omrop as iennige yn it Frysk útstjoert. De CDA-Twadde Keamerfraksje fynt dat ek. Se wurdt stipe troch PvdA, SP en Christen Unie. Lês mear…

FNP wol dat Europa bedrige Sorben stipet

De FNP-fraksje makket him yn Europa sterk foar stipe oan de Sorben. Dizze Slavyske minderheid wurdt op it stuit bedrige troch neonazi’s. Der binne goed 60-tûzen Sorbysk-pratende minsken. Sy wenje benammen yn Lausitz, in gebiet tusken Dútslân, Poalen en Tsjechië.

De Sorben wurde neffens lokale media bedrige en oanfallen. De FNP hat dêrom de Europartij EFA frege om kontakt op te nimmen mei de Sorben en harren te freegjen hokker help se nedich hawwe út Europa. Lês mear…

20ste Frysk Filologekongres 10-12 desimber 2014

De Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tweintichste kear it Frysk Filologekongres, yn Ljouwert op woansdei 10, tongersdei 11 en freed 12 desimber. It kongres wol in poadium wêze foar it wittenskiplik debat oangeande de frisistyk yn ‘e breedste sin. De fiertalen binne: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.

Programma en gearfettingen
De opset fan it kongres is dat der elke dei út ein set wurdt mei in plenêre lêzing. Dêrnei binne der parallelsesjes. Op ‘e tongersdei is der in jûnssesje oer Underwiis. It kongres is rjochte op ‘e neifolgjende ûndersyksmêden: Aldfrysk, Taalkunde, Letterkunde, Leksikografy, Taalsosjology, Skiednis fan Fryslân/Kultuerstúdzje. It ûndersyksfjild is it Frysk, mei ynbegryp fan de dialekten dy’t yn Fryslân foarkomme, yn al syn fazen en it Frysk yn Dútslân (Noard- en East-Fryslân). Lês mear…

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 23 24 25 26 27 28 29 30 31 32 33 34 35 36 37 38  Scroll to top