Milieutelefoon op Friese les

Foto: Rob van Hilten, www.brugwachters.nl

De telefonische meldingen voor het milieualarmnummer worden ook na 1 februari onthaald door callcenter Pricon in Emmen. Het Fries wordt er bijgespijkerd.

Nadat enkele Friese bellers zich met Friestalige milieuklachten onbegrepen hadden gevoeld door Pricon-medewerkers, werd de dienstverlening opnieuw aanbesteed. Het Drentse bedrijf kwam als gunstigst uit de bus.

Pricon heeft toegezegd dat alle medewerkers het Fries leren verstaan door scholing. Verder wordt een deel de basisvaardigheid Friesspreken bijgebracht. Lês mear…

Jan Huitema yn nije yntergroep oer minderheidstalen yn Europeesk Parlemint

By in gearkomste yn it Europeesk Parlemint yn Straatsboarch hat de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) út Makkingea syn stipe útsprutsen foar de nije saneamde ‘Intergroup’ oer minderheidstalen yn Europa. Intergroepen binne ‘frije kommisjes’ yn it Europeesk parlemint oer tema’s dy’t Europarlemintariërs sels wichtich fine. De ôfrûne hjerst wiene der foarstellen foar mar leafst 70 Intergroepen. Fan dy 70 foarstellen binne der lang om let 28 ta it Europeesk parlemint talitten.

Huitema en syn fraksje hawwe harren ynset foar it ta stân kommen fan de Intergroep minderheidstalen mei de folgjende argumintaasje: “Der binne yn Europa 50 miljoen minsken dy ’t in minderheidstaal lykas it Frysk yn it deistich libben brûke. Dit komt del op tsien persint fan de befolking yn de hiele Europeeske Uny.” De Intergroep is in inisjatyf fan Europarlemintariërs út ûnder oare Hongarije, Finlân en Kataloanië. Mei Jan Huitema fine sy en 65 oare Europarlemintariërs út 21 ûnderskate lidsteaten dat de Europeeske Uny mear omtinken hawwe moat foar dizze talen.
Lês mear…

Nij projekt fan de Ried fan de Fryske Beweging: Fan ûnderen op

De Ried fan de Fryske Beweging start in nij projekt: Fan ûnderen op. Dat spilet him ôf yn de doarpen en yn wiken fan gruttere plakken. Doel fan it projekt is dat we wat bewuster mei it Frysk omgeane, de taal bewust mear brûke. Troch faker Frysk te praten, kinne we mei-inoar foarkomme dat de taal yn de takomst ferlern giet. Ut ûndersyk blykt nammentlik dat we hieltyd minder Frysk prate en skriuwe. Sa stappe we bygelyks frij gau oer op it Hollânsk as immen ús yn dy taal te wurd stiet. We fine it wol sa aardich en fatsoenlik om ús oan te passen. Mar oerskeakelje op it Hollânsk is faak hielendal net nedich, om’t de measte minsken wol Frysk fersteane. Boppedat helpe we de net-Frysktaligen mei it learen fan de taal troch Frysk tsjin harren te praten. Lês mear…

De streektalenatlas fan Fryslân

Op 18 desimber is de streektaalatlas fan Fryslân ferskynd, mei gebrûk en behearsking fan de ferskate streektalen yn de Fryske streektaalgebieten. Deputearre fan provinsje Fryslân Jannewietske de Vries presintearre de atlas yn it Bilt, dêr’t de eigen streektaal tige wichtich is, sa docht bliken út it ûndersyk.

Der hat yn 2014 in enkête ûnder hast 19.000 húshâldens west. Yn it Bilt wie de respons it heechst. Fryslân hat njonken de Fryske en Nederlânske taal in grut ferskaat oan streektalen: it Biltsk, Stellingwerfsk, Amelânsk, Aastersk, Midslânsk, Westersk, Skiermûntseagersk, Hylpersk en it Stedsfrysk, yn acht farianten. Lês mear…

Brede stipe foar Taalweb Frysk en oanpaste stavering

Foto: Omrop Fryslân, Jaap Elzes

Yn Provinsjale Steaten is in soad stipe foar it plan fan de Fryske Akademy foar Taalweb Frysk: in nije Fryske online wurdlist mei staveringshifker en online wurdboek. Neffens de measte partijen hat it ûnderwiis dêr in soad ferlet fan. Ek binne der yn Fryslân in soad minsken dy’t wol wat stipe brûke kinne by it skriuwen fan it Frysk.

De nije wurdlist moat lykwols net sjoen wurde as in ferplichte standert, mar as in foarkarswurdlist. Der bliuwt romte foar regionale farianten lykas Wâldfrysk en Súdwesthoeks. De list giet begjin 2015 online. Lês mear…

Europeesk Parlemint hâldt kommisje minderheidstalen

Foto: BNR

Der bliuwt in kommisje foar minderheidstalen en -kultueren yn it Europeesk Parlemint. De saneamde yntergroep soe ôfskaft wurde, mar it EP hat tongersdei besluten dat er yn alle gefallen oant 2019 bestean bliuwe mei.

Yntergroepen binne ynformele kommisjes fan it EP mei in beskaat ûnderwerp as binende faktor. De EP-leden yn sa’n kommisje hawwe yntinsyf kontakt mei organisaasjes en lobbyisten dy’t mei dat ûnderwerp dwaande binne. In yntergroep kin allinne mar oprjochte wurde en bestean bliuwe as er de stipe kriget fan de grutte partijen yn it EP. Boppedat moatte op syn minst trije fraksjes yn it EP leden leverje wolle. Lês mear…

Tryater fiert har 50-jierrich jubileum

Foto: Omrop Fryslân

Tryater fiert takom jier har 50-jierrich jubileum en dêrmei is it selskip it âldste teaterselskip fan Nederlân. Yn it ramt fan it jubileum komt de teatergroep mei in nij inisjatyf. Se rjochtsje in groep beskermers op, dy’t Tryater stipet en ek meitinkt mei de teatermakkers.

Der binne tsien plakken beskikber foar de beskermhearen en -froulju. Dy moatte 2500 euro bydrage. Yn ruil dêrfoar meie se meiprate oer it belied fan Tryater. Lês mear…

Pjutteboartersplak ‘It Boartersplak’ yn Ternaard is sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling

Op tongersdei 4 desimber wie it dûbelt feest op pjutteboartersplak It Boartersplak yn Ternaard. It pjutteplak fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradiel wurket sûnt febrewaris 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe it trajekt no ôfrûne en it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. Op 4 desimber wie it Sinteklaasfeest op It Boartersplak. Ferrassingspyt hat it sertifikaat út in Fryske Pitesek helle en oan liedsters Grietsje, Nynke en Annette oerlange. Alle bern hawwe in Frysk Pitesekje mei in Tomke-kado en in Sinteklaaskado fan Ferrassingspyt krigen. Lês mear…

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 23 24 25 26 27 28 29 30 31 32 33 34 35 36 37 38 39  Scroll to top