De skippers fan de Kameleon

Stripferhaal troch Dick Matena, nei it boek fan H. de Roos

Hielke en Sietse wenje yn it Fryske doarp Lenten. Op in dei fynt de twilling in âld opdrukker dy’t stykjen bleaun is yn de mar achter harren hûs. Mei help fan de motor fan in stikkene auto meitsje se der in sterke boat fan dêr’t de fluchste speedboat net tsjin op kin. Dat is it begjin fan in soad aventoeren.

De schippers van de Kameleon fan H. de Roos ferskynde foar it earst yn 1949. Nei it earste diel folgen noch folle mear boeken mei Hielke en Sietse yn de haadrol. Sa groeide de Kameleon út ta de meast súksesfolle nei-oarlochske berneboekesearje fan Nederlân. De schippers van de Kameleon is wilens mear as hûndert kear werprinte en hat miljoenen minsken lêswille jûn.

Dick Matena (1943) is ien fan de ferneamdste striptekeners fan Nederlân. Hy makke stripbewurkingen fan ferskate romans lykas De avonden, Kees de jongen en Kort Amerikaans en fan berneboeken lykas Pietje Bell, Kruimeltje en Afke’s tiental. Matena waard yn 2014 eare mei de earetitel Wereld Erfgoeddrager foar fyftich jier stripfakmanskip.

Koster tefreden oer Mediawet

Foto: Omrop Fryslân

Direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân is “rûchwei tefreden” oer de nije Mediawet dy’t steatssekretaris Sander Dekker moandei presintearre. Dêryn stiet ûnder oare dat de yntegraasje fan de regionale stjoerders mei de NPO fan de baan is. Ek soenen der mear regionale items op lanlike stjoerders te sjen wêze moatte.

Dekker fynt dat de posysje fan de regionale sjoernalistyk hieltyd wichtiger wurdt, om’t provinsjes en gemeenten mear taken krije fan it Ryk. Wol moatte de regionale omroppen efter de skermen mear gearwurkje om kosten te besparjen. Lês mear…

Earste peal Fryske Akademy

Foto: Fryske Akademy

Yn de tún fan de Fryske Akademy oan de Grienewei yn Ljouwert is woansdei 8 oktober de earste peal slein foar de nijbou. It giet eins om in kombinaasje fan nijbou, ferbou en restauraasje fan de monumintale gebouwen oan de Doelestrjitte. As earste wurde de fûneminten fan de nijbou oan de Grienewei lein. Oanslutend wurdt sealesintrum It Aljemint ferboud ta wurkplakken foar de meiwurkers fan de Akademy en wurdt de nijbou realisearre oan de Grienewei. As lêste wurde de âlde gebouwen oan de Doelestrjitte restaurearre. It giet om in projekt fan 7 miljoen euro. Lês mear…

Taalweb yn oanpaste stavering

Foto: Omrop Fryslân

Op tiisdei 7 oktober presintearre de Fryske Akademy op it Provinsjehûs yn Ljouwert de demo fan Taalweb Frysk, it nije webportaal ornearre foar elts dy’t Frysk skriuwt. It eigentiidsk skriuwark (de ‘tool’) helpt ek tige by it lesjaan yn it fak Frysk. Deputearre Jannewietske de Vries: “Hjir wie ferlet fan yn it fjild. In moai, dúdlik helpmiddel, sadat minsken it Frysk makliker brûke en der minder mei wrakselje.”

Taalweb Frysk is in online tapassing. It bestiet út fjouwer ûnderdielen. Yn de Wurdlist Frysk binne de foarkarsfoarmen foar de taal fêstlein, it hat in staveringshifker, in wurdboekportaal en it jout automatyske oersethelp. Sa kriget de taalbrûker eigentiidsk digitaal skriuwark, dêr’t men Fryske teksten yn de krekte stavering mei opstelle kin. Hjoed presintearre men de demo. Mei in bywurke foarmjouwing en de lêste oanpassings is de definitive ferzje letter dit jier beskikber. Lês mear…

EP wegeret Hongaarske kommissaris

Foto: NOS.nl / EPA

It Europeesk Parlemint hat besletten dat de Hongaarske kandidaat Tibor Navracsics gjin eurokommissaris fan Kultuer en Underwiis wurde mei. De eurokommissaris fan Kultuer en Underwiis hat ek meartaligens yn de portefeuille.

De Hongaarske âld-minister waard de ôfrûne dagen krityske underfrege troch it kultuerkommittee fan it EP. Hy soe as minister mei ferantwurdlik wêze foar de oantaastig fan de rjochten fan minderheden en de parsefrijheid yn syn lân. Navrascics, dy’t lid is fan de Europeeske Kristendemokraten, mei fan it kommittee wol eurokommissaris fan in oare post wurde.

Boarne: NOS

All you need is love!

Tresoar docht, krekt as yn 2014, wer mei oan de STUK VAN HET JAAR-ferkiezing fan de De Nederlandse Archieven (DNA). Dit kear hawwe wy in leafdesbrief, skreaun troch in Fryske soldaat yn Frankryk, ynstjoerd. De Fryske tsjinstplichtige Romke Zandstra is legere yn Boulogne. Hy stjoert syn leafste Sjoukje brieven fan it front. De omstannichheden yn it legerplak binne erbarmlik, mar dat skriuwt Romke har net. Hy stjoert Sjoukje leave en gerêststellende wurden. Yn in brief oan syn âlders sketst hy in oar ferhaal. Romke sil syn oansteande nea wer sjen; hy stjert oan it front. Lês mear…

Presentatie Afke’s Tiental door Dick Matena

Op vrijdag 17 oktober vindt de officiële presentatie plaats van Nienke van Hichtums jeugdklassieker Afke’s Tiental, herschreven en getekend door Dick Matena.

De presentatie zal plaatsvinden in de Gysbert Japicx-seal van Tresoar, het Fries historisch en letterkundig centrum in Leeuwarden. Bovendien zullen er een aantal originele tekeningen worden geëxposeerd.

Van de uitgaven verschijnen twee uitvoeringen, een Nederlandse uitgave en een Friese uitgave. De vertaling is verzorgd door Jant van der Weg, de vertaalster van het originele verhaal. Zij is dit jaar nog uitgeroepen tot erelid van IBBY. Tekenaar Dick Matena werd dit jaar bekroond tot Levend Erfgoeddrager 2014.

John Jorritsma, Commissaris van de Koning in Fryslân: “Nog steeds is Afke’s Tiental een herkenbaar verhaal, dat ook vandaag de dag nog tot en met de laatste pagina boeit. Het laat zien dat de tijd weliswaar niet heeft stilgestaan in Fryslân, maar dat sommige situaties van alle tijden zijn. Ook nog eens prachtig verbeeld met dank aan het fraaie tekenwerk van Dick Matena.” Lês mear…

Warnsbetinking 2014: “Nije generaasjes kinne in omkear bringe foar it Frysk”

Foto: Stifting Slach by Warns 1345

Skoallen yn Fryslân hawwe in wichtige rol foar de takomst fan it Frysk, sawol oangeande de hâlding foar it Frysk oer as wat de skriuwfeardigens oanbelanget. Dat sei Lysbeth Jongbloed op de jierlikse betinking fan ’e Slach by Warns (1345) op it Reaklif.

Jongbloed, dy’t ferbûn is oan it kennissintrum foar meartaligens Mercator fan ’e Fryske Akademy, docht ûndersyk nei it online brûken fan ’e Fryske taal. Op ’e Warnsbetinking sprekt sy oer hoe’t it Frysk minsken mei elkoar ferbynt op sosjale media. “Jongeren dy’t meartalich fuortset ûnderwiis folgje, brûke mear Frysk op sosjale media, binne positiver oer it Frysk en harren kompetinsjes op it mêd fan Frysk skriuwen lizze ek heger”, seit Jongbloed. “It binne krekt dy faktoaren, dy’t fan grut belang binne foar in taal om ’e 21ste ieu te oerlibjen. It útwreidzjen fan it tal meartalige skoallen yn Fryslân liket dêrom in hiel ferantwurde doel om op yn te setten foar de kommende jierren.” Lês mear…

Jubilearjend FYK hat nij bestjoer


Frysk Ynternasjonaal Kontakt of FYK is in organisaasje foar jongelju dy’t Frysksinnich binne. Hja kinne mei FYK reizen meitsje troch Europa en fan oare – lytse – kultueren leare. De organisaasje bestie dit jier 25 jier en fierde dat ferline wike mei in lang wykein (FYKein) yn Ingelum.

By dy gelegenheid is Maarten Bark fan Grins ta de nije foarsitter keazen. De oare nije bestjoersleden binne Hendrik Jonker (ponghâlder), Marike Postma (skriuwer), Shanna van der Wal (aktiviteitefrou) en Marike Santhuizen (algemien lid).

Optreden Wiebe Kaspers op Europeeske Taledei

Op freed 26 septimber is it Europeeske Taledei. Dan fiert gâns Europa syn rike ferskaat oan talen, lyts en grut. Yn Ljouwert en Waskemar jouwe sjonger en pianist Wiebe Kaspers en basgitarist Florian den Hollander hjir omtinken oan mei in optreden tropfol Frysk- en Ingelsktalige lieten.

Sawat de helte fan de wrâldbefolking is twa- of meartalich en der wurde tegearre sawat 7000 talen sprutsen op ’e wrâld. Guon fan dy talen hawwe miljoenen sprekkers, lykas it Ingelsk en it Sineesk. Mar der binne ek lytsere talen mei mar in pear tûzen of in pear hûndert sprekkers. Ek Fryslân hat meardere talen. Neist it Frysk en it Nederlânsk wurdt yn Fryslân bygelyks ek Biltsk en Stellingwerfsk sprutsen, en yn de stêden ek Turksk, Arabysk en Surinaamsk. Lês mear…

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 23 24 25 26 27 28 29 30 31 32 33 34 35 36 37 38  Scroll to top