Huitema yn EU-lânboukommisje

Foto: Omrop Fryslân

De Fryske Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea is tiisdei ynstallearre yn de wichtige lânboukommisje fan it Europeesk Parlemint. De ôfrûne fiif jier siet der net ien Nederlanner yn dy kommisje. Huitema – en ek lânbou-organisaasje LTO – fûn dat in minne saak, omdat lânbou wichtich is foar Fryslân en Europa drok oan de gong is mei nije regels foar de lânbousektor.

Huitema stie by syn partij, de VVD, op in ûnferkiesber sechde plak, mar krige nei in persoanlike kampanje op de trekker mear as 26.000 foarkarstimmen. Lês mear…

Zunnewendefestival op Landgoed Schuilenbrug

Op Landgoed Schuilenburg bij Hellendoorn wordt op vrijdag 27 juni 2014 veur de achtste keer het Zunnewendefestival eholden. Op dizze machtig mooie stee an de Regge kuj luustern naor meziek, verhalen, poëzie en theater in de diverschillende varianten van de streektaal uut de regio.

Kaorten kost in de veurverkoop 5 euro en an de kassa op 27 juni 6 euro. Kiender tot 16 jaor magt veur niks naor binnen!

Het festival begunt um 20.00 uur en is um 00.30 uur ofelopen. Lês mear…

‘Fietsen in en om Appelsche’ en ‘Langs oolde en ni’je hooltpaeden’: twie ni’je routegidsen

Emiel Beijk van Staotsbosbeheer kreeg de ni’je routegidsen uut hanen van Geert Lantinga (links) en Jan Koops (rechts). Foto: Lieuwkje Cnossen

Naodat eerder de routegidsen De buurtschappen van Oosterwoolde, Wandelen rond Wolvega en Taalfietstocht rond Berkoop deur de Stellingwarver Schrieversronte uutgeven wodden, verschenen oflopen donderdag in pannekoekhuus ‘De Oude Hof’ in Appelsche de routegids Fietsen in en om Appelscha (deur Jan Koops uut Oosterwoolde) en de al even mooie kuier Langs oolde en ni’je Hooltpaeden (deur Geert Lantinga van Wolvege). Vanwegens de jaorenlange goeie baand tussen de Stellingwarver Schrieversronte en Staotsbosbeheer wodden de eerste twie exemplaoren uutrikt an Emiel Beijk van SBB. Schrieversronte-direkteur Sietske Bloemhoff prees in heur toespraoke de altied grote bereidwillighied van Staotsbosbeheer om an veul aktiviteiten van de Schrieversronte mit te warken. ‘Dat gelt niet alliend angaonde de hulpe en goeie raod an oonze routegidsen, mar ok bi’j et orgeniseren van biezundere exkursies en d’r was bi’jglieks financiële steun veur ’Et Stellingwarver Voegelboek’. Ok de toestemming in 2009 veur et orgeniseren van Stellingwarfpop bi’j de Spoekeplasse in Noordwoolde was vanzels meraokels mooi en daor weren we slim wies mit,’ zo zee Bloemhoff. Kotleden verzorgde de heer Beijk butendat een belangriek diel van de kursus Laandschopsgeschiedenis: ‘We hopen vanzels dat we ok bi’j de eerstvolgende kursus weer een beroep op jow doen kunnen.’ Vlak veur et uutrikken van de gidsen verzorgden Koops en Lantinga een film- en fotorippertage van de beide routes. Lês mear…

Froskepôle op Drinte en Noard

Foto: Omrop Fryslân

De muzikale streektaalprogramma’s fan de trije noardlike regionale omroppen sille takom wike tongersdei mei-inoar in radioprogramma meitsje. De útstjoering wurdt dien út de studio’s fan Omrop Fryslân yn Ljouwert wei. Presintator Gurbe Douwstra sil mei kollega Bert Kamping fan RTV Drenthe en Henk Scholte fan RTV Noord twa oeren lang muzyk yn it Frysk, Grinslânsk en Drintsk draaie.

Der is ek live-muzyk yn de trije talen. Oanlieding fan it spesjale programma is de 1500e útstjoering fan Radio Froskepôle.

De útstjoering is tongersdei 19 juny te beharkjen tusken 18:00 en 20:00 oere op Omrop Fryslân.

Boarne: Omrop Fryslân

Arriva seit: Praat mar Frysk!

Foto: Froukje Sijtsma, Omrop Fryslân

Frysk prate yn de bus, soe de gewoanste saak fan de wrâld wêze moatte seit Arriva-direkteur Anne Hettinga. Dêrom is busmaatskippij Arriva sûnt freed ambassadeur fan ‘Praat mar Frysk’ wurden. Yn gearwurking mei Frysk taalynstitút Afûk is freedtemoarn op it stasjon fan Ljouwert it startskot foar de aksje jûn. It kampanjeteam dielde Praat mar Frysk lippen by de bussen út.

Ek krigen sjauffeurs Praat mar Frysk spjeldsjes op it jaske. Yn it ramt Praat mar Frysk wurdt de Fryske taal ek sichtber yn it iepenbier ferfier.

Sa sil der Praat mar Frysk-reklame te sjen wêze, mar kinne minsken ek Fryske gedichten en Fryske feitsjes lêze op de ynfoskermen yn de bus. Praat mar Frysk is al sân jier dwaande om de Fryske taal te promoatsjen. Ferskate ferneamde Friezen, lykas Doutzen Kroes, Jorrit Bergsma, Epke & Herre Zonderland, Foppe de Haan en Iris Kroes binne ek ambassadeurs fan Praat mar Frysk.

Boarne: Omrop Fryslân

Keapmanskeunsten, in komyske opera fan Martinus Schuil

29 en 30 augustus en 2, 4 en 5 septimber 2014
Iepenloftteater De Pleats Burgum
www.keapmanskeunsten.nl

Yn 2012 dûkte yn de argiven fan Tresoar in komplete Fryske opera op, komponearre troch de Fryske musikus Martinus Schuil (1842-1899). Schuil wie bekend mei de Europeeske en Nederlânske muzyk fan syn tiid. En syn komposysjes waarden útfierd yn Nederlân en Europa. Wy kinne him de Fryske Offenbach neame, want dy ferneamde komponist heare wy dúdlik yn Schuil syn wurk.
De kwaliteit fan de muzyk wie sa goed dat Tresoar en Opera Company Noord yn 2014 dizze komyske opera yn in nije bewurking ûnder de titel Keapmanskeunsten op’e planken bringe. Komponist Tjalling Wijnstra restaurearre de partituer en toanielskriuwer/dramaturch Bouke Oldenhof bewurke de tekst. Mei in profesjoneel orkest, solisten en akteurs (ûnder regy fan Henk Zwart) wurdt Iepenloftteater Burgum-De Pleats it poadium fan fiif brûzjende, eigentiidske foarstellings fan Keapmanskeunsten. Leafhawwers fan muzyk, kultuer en drama moatte der fansels by wêze. Lês mear…

Frysk better sichtber meitsje

Foto: Omrop Fryslân

De Fryske taal moat better sichtber wurde yn de provinsje. Dat sei deputearre Jannewietske de Vries tongersdei op it kongres fan de NLPD (Network for the Promotion of Linguistic Diversity). De leden fan dizze Europeeske koepelferiening, dy’t de belangen fan streek- en minderheidstalen yn Europa behertiget, binne trije dagen lang yn Fryslân.

Neffens De Vries is it Frysk no benammen in sprutsen taal, mar se wol dat it Frysk ek better op strjitte te sjen is. Projektdirekteur Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018 ûnderskriuwt dy winsk.

It bestjoer fan de Fryske organisaasje EBLT (Europeesk Buro foar Lytse Talen) hat de deputearre dêrom tongersdei in boerd oanbean dêr’t sawol it Nederlânsk as it Frysk op brûkt wurde.

Boarne: Omrop Fryslân

Joëlle van der Hoek fan Surhústerfean is de Fryske Foarlêskampioen 2014

Yn in spannende finale fannemiddei yn de teaterseal fan Tryater yn Ljouwert is Joëlle van der Hoek út groep 8 fan basiskoalle It Skriuwboerd út Surhústerfean útroppen ta de Fryske Foarlêskampioen 2014. Sy lies foar út De boel op stelten fan Auck Peanstra.

‘De sjuery hie in drege put want it nivo lei heech, mar Joëlle sprong der boppe út. Sy koe de sfear fan it ferhaal sa goed oerbringe, dat wy mei krûme teannen sieten,’ sa sei sjueryfoarsitter Sietske Bloemhof. Lês mear…

General Assembly NPLD yn Ljouwert

Fan 4-6 juny wie de jierlikse General Assembly fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD), dêr’t deputearre Jannewietske de Vries foarsitter fan is. De GA wie diskear yn Ljouwert. De gearkomsten fûnen plak by Tryater en op it Provinsjehûs. It doel fan it NPLD is om op Europeesk nivo dúdlik te meitsjen hoe wichtich taaldiversiteit is. Fierder besiket de NPLD de útwikseling fan saneamde ‘best practices’ tusken beliedsmakkers, minsken út it wurkfjild, ûndersikers en eksperts yn hiel Europa te stimulearjen. It EBLT is, lykas Kennissintrum Mercator, lid fan it NPLD.

Klik hjir foar in ympresje fan de GA en it NPLD.

Sloop pannen Fryske Akademy sil nije wike heve

Foto: Omrop Fryslân

De sloop fan de pannen oan ‘e Grienewei 6, 8 en 10, dy’t diel útmeitsje fan it kompleks fan ‘e Fryske Akademy, sil yn ‘e wike fan 16 juny út ein sette. De tariedingen foar de sloop begjinne al dizze wike. Tsjin de flakte geane de eardere, yn 1977 boude boekwinkel fan ‘e Fryske Akademy en it oanbuorjende pân dat de Akademy yn 1983 oankocht en dat in skoftke as tsjinstwenning foar de húswarder brûkt waard. Ek it yn 2001 oankochte pân Grienewei 10 – it âlde pearskleurige koetshûs mei it hege puntdak – ûntkomt net oan de sloop. Dit ferrinnewearre pân hat altyd by it yn 1713 boude Coulonhûs heard en stammet wierskynlik ek út deselde tiid. It wie as hynstestalling mei koetshûs yn gebrûk troch de ferneamde famylje Coulon oant it jier 1844, doe’t it Coulonhûs mei koetshûs, bûthús en wenning ferkocht waard. Lykwols kin it koetshûs net mear sparre wurde. “Foar de Fryske Akademy is it net te dwaan it koetshûs yn goede steat werom te bringen”, ljochtet Jos Tjalsma, haad algemiene saken fan ‘e Fryske Akademy, ta. “Dat kostet in ûnevenredich soad jild. Wy rjochtsje ús op restauraasje fan it Coulonhûs en nijbou oan ‘e Grienewei.” Lês mear…

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 23 24 25 26 27 28 29 30 31 32 33 34 35 36 37 38  Scroll to top