Wurkbesite Steateleden en Gemeenteriedsleden oan twatalige bernedeiferliuwen yn Ljouwert, Snits en op De Jouwer

Foto: SFBO

Yn Fryslân binne op it stuit rom 160 Frysk- en twatalige pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen. Dizze wike wie op trije fan dy foarsjennings in wurkbesite foar leden fan Provinsjale Steaten en Riedsleden. Op It Sinnebern yn Ljouwert, by Humpy Dumpy yn Snits en by De Stuiterbal op ‘e Jouwer waarden yn totaal 16 folksfertsjintwurdigers begroete. Sy krigen te sjen wat it twatalich wurkjen mei jonge bern yn de praktyk ynhâldt. De wurkbesites waarden organisearre troch de Provinsjale advysgroep fan organisaasjes dy’t aktyf binne op it mêd fan twataligens yn de foarskoalske perioade. It giet om û.o.: Afûk, it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de Bibliotheekservice Fryslân (BSF).

Op de foto sjocht in tal Steate- en Gemeenteriedsleden nei in Tomke-aktiviteit op it twatalige bernedeiferbliuw Sinnebern fan Catalpa yn Ljouwert. De gasten wiene ûnder de yndruk fan it gemak wêrmei’t de Nederlânsktalige en ek bûtenlânske bern it Frysk oppikke.

Fryske Foarlêswike 2 o/m 6 juny 2014: FOARLEZE YN IT FRYSK OAN PJUTTEN

Foarlêzers op ’en paad mei 18.000 Tomke-boekjes yn de Fryske Foarlêswike!
Goed 500 foarlêzers sille fan 2 o/m 6 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan sa’n 12.000 pjutten.

It Tomke-projekt stimulearret it lêzen en foarlêzen yn it Frysk oan lytse bern. De Tomke-boekjes mei ferhaaltsjes oer Tomke en Romke komme fia boartersplakken, bernedeiferbliuwen, gastâlders, konsultaasjeburo’s en bibleteken by de bern en har âlden telâne. It tema is dit jier ‘Ik bin Tomke’. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de
Tomke-wurkgroep. Lês mear…

Europeeske ferkiezings en de takomst fan “Linguistic Diversity”

Foto: NPLD

“United in Diversity” wie it logo dat keazen is yn 2000 troch de EU om it doel fan it Europeeske projekt sjen te litten, nammentlik ienheid kreëarje en tagelyk de rykdom fan it ferskaat oan kultueren, tradysjes en talen te beskermjen: 24 offisjele talen, mear as 70 autochtoane talen en mear as 300 talen. Om de 50ste jierdei fan de Treaty of Rome yn 2007 te markearjen, keas de EU it motto “Together” om it idee út te dragen fan ferskate minsken dy’t wurkje oan mienskiplike doelen: it kreëarjen fan in hechte Uny fan EU-boargers. Lês mear…

Stim op 22 maaie!

Foto: www.europa.eu

Op tongersdei 22 maaie fine de Europeeske ferkiezings plak. Om de fiif jier kieze de EU-boargers wa’t harren fertsjintwurdigje sil yn it Europeesk Parlemint. It Europeesk Parlemint spilet in wichtige rol yn it bepalen fan Europeeske beliedslinen. Tink hjirby û.o. oan lânbou, digitale media, of oan de beskerming fan minderheidstalen. Stimme foar de Europeeske ferkiezings is dêrom DE kâns fan eltse boarger om de gearstalling fan it Parliment te beynfloedzjen en ek de beslissings dy’t it tidens syn fiif-jierrich mandaat op him nimme sil. Op dizze side fine jo mear ynformaasje (yn alle offisjele EU-talen) oer hoe’t it Europeesk Parliment wurket. Dus lit op 22 maaie jo stim hearre!

Bruno Rummler wint Liet 2014

Foto: Tjallien Kalsbeek

Yn in grôtfolle Prinsetún hat Bruno Rummler Liet 2014 wûn mei syn nûmer Beppe. “In hiel oprjocht Frysk nûmer op in technysk yngewikkelde, mar flekkeleas spile komposysje,” oardiele de sjuery ûnder foarsitterskip fan Sjoerd Bootsma. Rummler fertsjintwurdigt Fryslân by Liet International op 12 desimber yn it Dútske Oldenburg.

De publykspriis gong nei de formaasje Makkumer Blues Brothers. Foar harren nûmer Wyn krigen sy de Ivan Pel-publykspriis út hannen fan Liet-foarsitter Yvonne Bleize. Yn in sinnige Prinsetún harken sa’n 6000 besikers nei de 10 akts op it Liet-poadium. Omrop Fryslân makke fan alle ferskes opnames, dy’t op 1 en 2 july útstjoerd wurde.

Liet International 2014 yn Aldenboarch (Oldenburg)

Op freed 12 desimber 2014 fynt de 10e edysje fan Liet International plak yn de Noard-Dútske stêd Aldenboarch (Oldenburg). Nei dielname fan de Föfftig Penns oan Liet International 2009 is yn Oldenburg úteinset mei Plattsounds, in Platdútske fariant fan Liet. De organisatoaren fan dit sjongfestival en it teater Kulturetage binne der tige wiis mei dat Liet International 2014 yn Oldenburg plakfine sil. De winner fan ús eigen Fryske Liet sil op 12 desimber Fryslân fertsjintwurdigje yn Oldenburg. Lês mear…

Ynternetkonsultaasje 15% Ingelsk, Dútsk of Frânsk op de basisskoalle

Foto: Mercator Research Centre

De Ryksoerheid freget fia de saneamde “Internetconsultatie” om reaksjes op it wetsfoarstel om njonken it Nederlânsk ek oare Europeeske talen ta te stean as ‘dielfoertaal’ yn it basisûnderwiis. It giet om in wetswiziging fan artikel 9, tsiende lid, fan de “Wet op het primair onderwijs” en artikel 18 fan de “Wet op de expertisecentra” om skoallen de mooglikheid te jaan ta 15% fan de ûnderwiistiid yn it Ingelsk, Dútsk of Frânsk oan te bieden.

Mocht dit ûnderwerp jo tige oansprekke, dan kinne jo fan de ynternetkonsultaasje gebrûk meitsje fia dizze link. Jo kinne reagearje oant ‘e mei 13 maaie.

CU yn aksje foar omrop yn EP

Foto: Omrop Fryslân

De Europeeske fraksje fan de ChristenUnie makket him sterk foar in ûnôfhinklike posysje fan Omrop Fryslân. Dat seit CU-listlûker Peter van Daalen. Yn de nije Mediawet steane plannen om de regionale stjoerders ûnder te bringen by de Nederlânske Publike Omrop NPO. Dy kin dan bepale wannear’t wat útstjoerd wurdt. Dêrmei komt neffens de ChristenUnie de ûnôfhinklike posysje fan de Omrop yn gefaar.

Van Daalen ûnderskriuwt de belangryke posysje fan de Omrop as it giet om de Fryske taal en kultuer. Dêrfoar is in ûnôfhinklike posysje nedich.

Boarne: Omrop Fryslân

Debat ‘Earlik oer Europa’ op 8 maaie

‘Earlik oer Europa’ is de titel fan it grutte Europa-debat fan it EU-netwerk Noord-Nederland. By dit netwurk binne ûnder oare de Europeeske Beweging yn Nederlân, Europa Direct, LTO Noord en ek it EBLT oansletten. It giet nei alle gedachten om ít Europeeske Debat fan it Noarden. It sil heve op 8 maaie 2014, om 20:00 oere jûns yn de Reade Seal fan it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.

De diskusje oer Europa is op ‘t heden tige libben; folle libbener as yn it ferline it gefal wie. De kommende Europeeske Ferkiezings fan 22 maaie binne foar de politike partijen dan ek seker gjin ferplicht nûmer. De folgjende kandidaten foar it Europeesk Parlemint dogge oan it debat mei: Bas Eickhout (GrienLinks), Agnes Jongerius (PvdA), Wim Eilering (CDA), Jan Huitema (VVD), Bas Belder (SGP), Fenna Feenstra (SP), Raoul Boucke (D66) en Ton van Kesteren (PVV).
Lês mear…

Tredde Fryske Twitterdei grut sukses!

Foto: Praat mar FryskDe tredde Fryske Twitterdei wie in grut sukses. Om 09.30 oere moarns stienen de hashtags #Frysk en #FryskeTwitterdei al tusken de meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter!

Tûzenen twitterders ferstjoerden 6.438 unike tweets en noch folle mear retweets de hashtag #Frysk út mear as 25 lannen, fan Japan oant Amearika. Dêrneist is de hashtag #Frysk by mear as seis miljoen minsken ûnder eagen kommen. En dat is mear as ferline jier! Geandewei de dei stie #FryskeTwitterdei it grutste part fan ‘e dei op nûmer ien as ‘trending topic’! Lês mear…

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 23 24 25 26 27 28 29 30 31 32 33 34 35 36 37 38 39  Scroll to top