Ynternetkonsultaasje 15% Ingelsk, Dútsk of Frânsk op de basisskoalle

Foto: Mercator Research Centre

De Ryksoerheid freget fia de saneamde “Internetconsultatie” om reaksjes op it wetsfoarstel om njonken it Nederlânsk ek oare Europeeske talen ta te stean as ‘dielfoertaal’ yn it basisûnderwiis. It giet om in wetswiziging fan artikel 9, tsiende lid, fan de “Wet op het primair onderwijs” en artikel 18 fan de “Wet op de expertisecentra” om skoallen de mooglikheid te jaan ta 15% fan de ûnderwiistiid yn it Ingelsk, Dútsk of Frânsk oan te bieden.

Mocht dit ûnderwerp jo tige oansprekke, dan kinne jo fan de ynternetkonsultaasje gebrûk meitsje fia dizze link. Jo kinne reagearje oant ‘e mei 13 maaie.

CU yn aksje foar omrop yn EP

Foto: Omrop Fryslân

De Europeeske fraksje fan de ChristenUnie makket him sterk foar in ûnôfhinklike posysje fan Omrop Fryslân. Dat seit CU-listlûker Peter van Daalen. Yn de nije Mediawet steane plannen om de regionale stjoerders ûnder te bringen by de Nederlânske Publike Omrop NPO. Dy kin dan bepale wannear’t wat útstjoerd wurdt. Dêrmei komt neffens de ChristenUnie de ûnôfhinklike posysje fan de Omrop yn gefaar.

Van Daalen ûnderskriuwt de belangryke posysje fan de Omrop as it giet om de Fryske taal en kultuer. Dêrfoar is in ûnôfhinklike posysje nedich.

Boarne: Omrop Fryslân

Debat ‘Earlik oer Europa’ op 8 maaie

‘Earlik oer Europa’ is de titel fan it grutte Europa-debat fan it EU-netwerk Noord-Nederland. By dit netwurk binne ûnder oare de Europeeske Beweging yn Nederlân, Europa Direct, LTO Noord en ek it EBLT oansletten. It giet nei alle gedachten om ít Europeeske Debat fan it Noarden. It sil heve op 8 maaie 2014, om 20:00 oere jûns yn de Reade Seal fan it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.

De diskusje oer Europa is op ‘t heden tige libben; folle libbener as yn it ferline it gefal wie. De kommende Europeeske Ferkiezings fan 22 maaie binne foar de politike partijen dan ek seker gjin ferplicht nûmer. De folgjende kandidaten foar it Europeesk Parlemint dogge oan it debat mei: Bas Eickhout (GrienLinks), Agnes Jongerius (PvdA), Wim Eilering (CDA), Jan Huitema (VVD), Bas Belder (SGP), Fenna Feenstra (SP), Raoul Boucke (D66) en Ton van Kesteren (PVV).
Lês mear…

Tredde Fryske Twitterdei grut sukses!

Foto: Praat mar FryskDe tredde Fryske Twitterdei wie in grut sukses. Om 09.30 oere moarns stienen de hashtags #Frysk en #FryskeTwitterdei al tusken de meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter!

Tûzenen twitterders ferstjoerden 6.438 unike tweets en noch folle mear retweets de hashtag #Frysk út mear as 25 lannen, fan Japan oant Amearika. Dêrneist is de hashtag #Frysk by mear as seis miljoen minsken ûnder eagen kommen. En dat is mear as ferline jier! Geandewei de dei stie #FryskeTwitterdei it grutste part fan ‘e dei op nûmer ien as ‘trending topic’! Lês mear…

Wâldpykjes brûke it measte Frysk op sosjale media

Frysk wurdt troch jongerein yn ‘e Fryske Wâlden mear brûkt op sosjale media as troch jongerein yn oare parten fan Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder Fryske jongerein dat ûndersiker Lysbeth Jongbloed-Faber fan Mercator Research Centre fan ‘e Fryske Akademy mei stipe fan de Provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert de ôfrûne moannen útfierde.

Kommunikaasjewittenskipper Jongbloed hat op 20 Fryske skoallen yn it fuortset ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan jongerein tusken de 14 en 18 jier op sosjale media. Yn totaal hawwe mear as 2000 jongeren in fragelist ynfolle.

Hast alle Fryske jongeren brûke sosjale media: 98% is hjir aktyf op. WhatsApp wurdt troch 95% fan dy jongeren brûkt, 86% sit op Facebook en 76% op Twitter. WhatsApp wurdt fan dy trije it measte brûkt: 47% hat keazen foar it antwurd “allinnich as ik sliep, sjoch ik net op WhatsApp”.

Folgje de oanbieding fan it rapport oan Jannewietske de Vries en Sjoerd Feitsma op 16 april fan 10.00 oere ôf op Twitter fia de hekstek #Frysk. Lês mear…

Twadde Keamerlid Pieter Heerma op besite by it EBLT

Op 11 april was bi’j oons te gaaste Pieter Heerma (CDA) veur een gesprek over de pesisie van et Fries en Nedersaksisch.

Pieter Heerma wie freed 11 april op besite by it EBLT. It CDA-Twadde Keamerlid wie te gast by it EBLT om by te praten oer Omrop Fryslân, it Hânfest foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa en noch folle mear.

Op de foto (fan lofts nei rjochts): Hanno Brand fan de Fryske Akademy, Pieter Heerma, Fokke Jagersma (DB-lid fan it EBLT en Afûk) en Henk Bloemhoff (DB-lid fan it EBLT en SONT).

It Grut Frysk Diktee live by Omrop Fryslân

Wa’t ris besykje wol hoe goed hy of sy it Frysk skriuwe kin, krijt no de kâns. Minsken kinne dit jier thús meidwaan oan it Grut Frysk Diktee. It diktee is op woansdei 16 april foar it earst live te folgjen op Omrop Fryslân Televyzje en ynternet. It Grut Frysk Diktee wurdt om ‘e twa jier holden, dit jier foar de tolfte kear. Yn de Steateseal fan it Provinsjehûs bûge 32 dielnimmers harren oer it diktee.

Presintatrise Karen Bies fan Omrop Fryslân hat de tekst foar it Grut Frysk Diktee fan dit jier skreaun en sil it ek foarlêze. It diktee is stavere neffens de jildende regels foar de Fryske stavering. Yn 2010 en 2012 waard it diktee wûn troch André Looijenga. Hy docht ek dit jier wer mei om syn titel te ferdigenjen. 51 minsken hawwe oan ‘e foarronde meidien, 32 dêrfan hawwe har pleatst foar de finale. Oan it diktee dogge tradysjegetrou ek bekende Friezen mei, ûnder oaren aktrise en sjongeres Tet Rozendal, LC-sjoernalist Asing Walthaus, FNP-Steatelid Annigje Toering en Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018. Lês mear…

Nije tekst fan ferlern Aldfrysk hânskrift fûn

Foto: Fryske Akademy

Akademy-ûndersiker Han Nijdam hat by syn ûndersyk yn it ramt fan it tarieden fan in nije edysje fan ‘e Aldfryske ynkunabel Freeska Landriucht (sa. 1485) in tekst fûn fan it ferlerne Aldfryske hânskrift Kodeks Unia. Dit foar it Aldfrysk wichtige hânskrift wie yn de sântjinde ieu yn it besit fan ‘e lânshistoarjeskriuwer fan Fryslân, Simon Abbes Gabbema (1628–1688), mar is nei syn dea ferdwûn. De ynhâld fan it hânskrift is bekend tanksy ôfskriften dy’t makke binne troch de gelearde Franciscus Junius (1589–1677). Mar Gabbema hat sels ek parten fan Unia oerskreaun.

Nijdam fûn in ferzy fan ‘e tekst ‘Oer de keningen Karel en Redbad’ út it Unia-hânskrift yn it eksimplaar fan ‘e ynkunabel Freeska Landriucht dat yn it besit west hie fan Gabbema sels. Yn dat eksimplaar hat Gabbema op ferskate plakken stikken tekst yn de marzje skreaun út oare Aldfryske hânskriften dy’t er yn syn besit hie, om de teksten sa mei elkoar te ferlykjen. De tekst oer Karel en Redbad yn Gabbema’s eksemplaar smyt in folsleinere Unia-ferzy op as oant no ta fia it ôfskrift fan Junius bekend wie. Lês mear…

Wedstriid folksferhaal skriuwe

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Achtkarspelen hat in wedstriid folksferhalen skriuwe útskreaun. Ynwenners fan de gemeente kinne oant en mei 31 maaie 2014 harren Frysktalich ferhaal ynleverje. De skriuwer moat it ferhaal heard hawwe fan in oare ynwenner út de gemeente, bygelyks fan in pake, beppe of buorman. It ferhaal is sa moai, raar of bysûnder dat de skriuwer it trochjaan wol.

Oanlieding foar de skriuwwedstriid is de fiering fan it hûndertste bertejier fan Dam Jaarsma fan Eastermar. Hy tekene yn de jierren sechstich tûzenen folksferhalen op.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de skriuwwedstriid.

Boarne: Omrop Fryslân

MiLaS – the Europe-wide online-language competition on Facebook

It’s never too late… make your language famous!

MiLaS – what is it all about, many people will ask. Easy: on 1 April our European language campaign language diversity will start the first Europe-wide online-language competition for youth and young adults, that will focus on linguistic diversity and multilingualism. The emphasis is put particularly on the regional and minority languages of Europe, which should become more attractive and improve their image. Lês mear…

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 23 24 25 26 27 28 29 30 31 32 33 34 35 36 37 38 39 40 41 42  Scroll to top