‘Oerlis oer stavering nedich’

It Skriuwersboun ropt de Provinsje Fryslân op ta in werberied oer it beslút oangeande de staveringsferoaring, de standertwurdlist en de staveringshifker. It boun wol graach mei skriuwers en oare saakkundigen mei de provinsje om tafel om oer de stavering te oerlizzen. It Skriuwersboun hat hjiroer in brief skreaun oan de provinsje en de Fryske Akademy.

No freed hâldt de Provinsje in algemiene gearkomste oer de staveringskwestje yn it gebou fan de Fryske Akademy.

It Skriuwersboun docht ek in suggestje foar in tuskenoplossing. De organisaasje stelt út om de nije staveringshifker earst te foljen mei de âlde wurdlist, of dy fan it hânwurdboek, sadat de staveringshifker daliks brûkt wurde kin.

Boarne: Omrop Fryslân

Grut Frysk Diktee yn Grins

Skanomodu hâldt freed 14 juny in Grut Frysk Diktee. De stúdzjeferiening foar Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit yn Grins hat de Switserske Amsterdammer Rob du Jardin frege om it te skriuwen. It diktee hat as tema De striid fan de Geeffryske Mienskip. Yn de sjuery sit ûnder oare dr. Willem Visser, dosint Fryske taalkunde oan de RUG en taalkundige oan de Fryske Akademy. Dielnimmers kinne har opjaan troch te mailen nei skanomail@skanomodu.nl.

Boarne: Omrop Fryslân

Hokker taal prate jo?

De (memme)taal is fan belang yn soarchsituaasjes, draacht by oan it wolwêzen fan soarchfregers en soarget foar in better begryp oer en wer. Dat binne de wichtichste konklúzjes út it ferkennende ûndersyk ‘Hokker taal prate jo?’ dat it ôfrûne healjier útfierd is yn opdracht fan de Afûk yn gearwurking mei ROC Friese Poort en ROC Friesland College. Op moandei 10 juny binne de resultaten presintearre op in byienkomst by ROC Friese Poort yn Ljouwert.
Lês mear…

Diskusjejûn staveringsferoaring

It Skriuwersboun organisearret in diskusjejûn oer de staveringsferoaring.

De jûn sil wêze op freed 7 juny 2013 om 20.00 oere yn Kafee Wouters, Sophialeane 5 Ljouwert. De Provinsje Fryslân en de Fryske Akademy ha plannen foar in staveringsferoaring, in standertwurdlist en in staveringshifker. Foar- en tsjinstanners kinne deroer redendiele. De ûndertekeners fan de oprop oan de Steaten binne ek útnoege. Hja binne fan betinken dat de plannen net trochset wurde moatte.

Nei de diskusjejûn sil It Skriuwersboun ta in stânpunt komme.

Sjoch foar ynformaasje www.skriuwersboun.nl

Boarne: It Nijs

It is mei sizzen net te dwaan

It deistich bestjoer fan it EBLT hat yn ferbân mei de behanneling fan de Wet Gebruik Friese taal in stik skreaun wêryn’t opmerkings en oanbefelings neamd wurde as ferfolch op de Taalwet. It stik is stjoerd nei de keamerfraksjes en minister Plasterk. Klik hjir om it stik te lêzen.

Jûn is de behanneling fan de Taalwet yn de Twadde Keamer. Kinne jo net yn Den Haach komme om it te folgjen? Op de webside fan de Keamer is in livestream.

Mei nei Twadde Keamer foar Taalwet?

Der sil hjoed in bus út Fryslân wei nei De Haach ride om syn reizgers yn de gelegenheid te stellen de behanneling yn de Twadde Keamer fan de Taalwet mei in stikmannich Steateleden by te wenjen. Der is noch plak! Minsken dy’t ek mei wolle, moatte harren jûn of moarnier betiid opjaan by Nynke van Dijk fan de Steategriffy:

mail n.vandijk@fryslan.nl; telefoan 058-2925906

Gearkomme om 15:45 oere foar it Provinsjehûs

As jo mei wolle, moatte jo net ferjitte in identiteitsbewiis mei te nimmen om it gebou fan de Twadde Keamer ynkomme te kinnen. Opstappe kin, oars as yn Ljouwert, ek noch yn Surch.

Boarne: It Nijs

Taalwet woansdei yn Keamer

De Twadde Keamer praat woansdeitejûn om 20.15 oere oer de ‘Wet gebruik Friese taal’. De wet regelet de posysje fan it Frysk as twadde rykstaal en befestiget dat Friezen yn Fryslân altyd it Frysk brûke meie by de oerheid en de rjochtbank. It giet om in wetsfoarstel fan âld-minister Donner, dat no troch syn opfolger Plasterk ferdigene wurde sil.

De wet regelet net de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis en yn de media. Guon politike partijen hawwe dêrom al oankundige dat se omtinken freegje sille foar de posysje fan Omrop Fryslân.

De posysje fan de omrop komt de kommende jierren mooglik fierder ûnder druk te stean as der op ‘e nij miljoenen besunige wurde moatte troch de publike omroppen. De Twadde Keamer frege steatssiktaris Dekker earder al rekken te hâlden mei de bysûndere posysje fan de iennichste Frysktalige omrop.

 

‘Jou mear oandacht oan Biltsk’

De gemeente It Bilt soe mear oandacht hawwe moatte foar de Biltske taal en kultuer en ek besykje moatte om dy taal sels mear te brûken. Dat fersyk krige wethâlder Boukje Tol fan It Bilt tiisdei by in wurkbesite fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) oan de gemeente It Bilt.

Biltske organisaasjes meitsje har soargen oer de takomst fanwege it plan om de gemeente It Bilt opgean te litten yn in grutte gemeente Noardwest-Fryslân. Boppedat is de gemeente oan it besunigjen op taal en kultuer.

Stichting Ons Bildt bepleitet krekt mear mooglikheden en mear middels foar it Biltsk. De posysje fan en de stipe foar it Biltsk soe goed regele wurde moatte foar in mooglike gemeentlike weryndieling, sadat ek in nije gemeente Noardwest-Fryslân der net omhinne kin. Der wurdt rûsd dat op it Bilt sa’n 6.000 minsken Biltsk prate. Wethâlder Tol joech ta dat de gemeente It Bilt de taal wol mear brûke kin as op dit stuit bart. Ek stiet se ‘sympatyk’ tsjinoar it fersyk foar in dieltiid-beropskrêft foar de Biltske organisaasjes.

Boarne: Omrop Fryslân 

Foto’s en mear oer de wurkbesite

Ons Bildt wol betelle krêft

De frijwilligers fan Stichting Ons Bildt hawwe it sa drok, dat se al it wurk net mear oan kinne. Dêrom moat der foar in pear oeren yn de wike in betelle krêft komme. Dat fynt waarnimmend foarsitter Froukje de Jong.

Sy makket har soargen oer it fuortbestean fan de Biltse taal en kultuer, no’t der fiergeande weryndielingsplannen binne op It Bilt. De Jong hat krityk op it taalbelied fan de gemeente. Op de site fan It Bilt is bygelyks kwalik Bilts te finen. Wethalder Boukje Tol hat begryp foar de soargen fan de stichting.

De wethâldster jout lykwols oan dat der bot besunige wurde moat. Sy hopet in kreative oplossing te finen om wat oan de wurkdruk by de stifting te dwaan. Stichting Ons Bildt moat him no rêde mei 2000 euro subsydzje it jier. De stichting wol sels graach ta op in profesjoneel oansprekpunt foar alle Biltse organisaasjes. Sa’n punt soe der wêze moatte foardat de gemeente It Bilt der net mear is. Tiisdei bringt minderhede-organisaasje EBLT in wurkbesite oan It Bilt om te praten oer it taalbelied yn dy gemeente.

Boarne: Omrop Fryslân

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 23 24 25 26 27 28 29 30 31 32 33 34 35 36 37 38  Scroll to top