Hollânsk boppe, Frysk derûnder

De gemeente Súdwest-Fryslân wol noch dit jier de plaknammen op de kombuorden yn dy gemeente gelyk lûke. By alle doarpen en stêden komt tenei de Nederlânske plaknamme boppe te stean en de Fryske plaknamme dêrûnder. No is it noch sa dat yn de eardere gemeenten Nijefurd en Wymbritseradiel de Fryske namme boppe stiet.

it beslút is nommen út praktyske oerwagings en moat los sjoen wurde fan it Fryske taalbelied fan de gemeente, sa seit wethâlder Sinnema. It plaknammebelied leit gefoelich yn Súdwest-Fryslân.

Neffens de topografyske wurkgroep fan de Jongfryske Mienskip soe it beslút yn striid wêze mei it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Neffens dat Hânfêst mei in minderheidstaal der by gemeentlike weryndieling net op achterút gean, en as it Frysk ferhuzet fan it boppeste nei it ûnderste plak op in boerd giet de taal der wol op achterút. Wurdfierder Cor Jousma fan de topografyske wurkgroep hâldt dêrom rekken mei juridyske prosedueres tsjin it plaknammebeslút fan Súdwest-Fryslân.

Boarne: Omrop Fryslân

Stúdzjeferlof Salverda

 

Prof. dr. Reinier Salverda is fan ôfrûne tiisdei ôf op eigen fersyk oant syn pensjonearring op 1 desimber 2013 mei stúdzjeferlof gien. Hy wurdt troch de Rie fan Tafersjoch fan de Fryske Akademy sa yn de gelegenheid steld in tal wittenskiplike publikaasjes ôf te rûnjen. Dr. Hanno Brand sil oant de beneaming fan in opfolger fan prof. Salverda as waarnimmend direkteur-bestjoerder fungearje.

Goeie foarronde foar Liet 2013 smyt 10 finalisten op

Foar it earst yn de skiednis fan it Fryske sjongfestival Liet is dit jier keazen foar it organisearjen fan ien foarronde wêrby’t 10 acts har pleatse koene foar de finale fan oankommende 5 maaie yn de Ljouwerter Prinsetún. Fyftjin acts yn in ferskaat oan muzykstilen lieten har sneintemiddei fan har bêste kant sjen mei likefolle nije ferskes yn it Frysk.
Continue reading “Goeie foarronde foar Liet 2013 smyt 10 finalisten op”

De lêste fytser wint wichtige Europeeske priis

Prix Circom Sport Award foar Hea! mei de reportaazje oer ‘De lêste fytser’

Omrop Fryslân hat in Prix Circom Award wûn, sa is moandei 15 april bekend wurden. De Prix Circom Awards binne de meast prestisjeuze Europeeske prizen foar programma’s fan regionale omroppen. It giet om de, yntusken hast legindaryske, reportaazje fan Hea! oer de lêste fytser fan de Fryske Alvestêdetocht fan 2012. De reportaazje wûn yn de kategory Sport. 
Continue reading “De lêste fytser wint wichtige Europeeske priis”

The Road Ahead for Linguistic Diversity

On April 11, the Network to Promote Linguistic Diversity launched the European Roadmap for Linguistic Diversity, an initiative aimed at providing new ideas on the promotion of all languages of Europe, including official, Constitutional, regional and migrant languages. The initiative was part of the Irish Presidency of the European Union and counted on the support of the Government of Ireland, the European Commission and the European Parliament.
Continue reading “The Road Ahead for Linguistic Diversity”

Liet 2013 begjint it kommende wykein wer

Op sneintemiddei 14 april set Liet 2013 útein mei de foarronde yn Sealen Schaaf yn Ljouwert. De faksjuery hat yn in earste foarseleksje 15 bands selektearre, dy’t stride sille foar in finaleplak. De finale fan Liet 2013 is dit jier, lykas ferline jier, op Befrijdingsfestival Fryslân yn de Ljouwerter Prinsetún. De winner fan Liet 2013 mei letter dit jier Fryslân fertsjinstwurdigje op op Liet International, dat dit jier organisearre wurdt op Corsica.
Continue reading “Liet 2013 begjint it kommende wykein wer”

Literêr Sirkwy, part fan It Skriuwersboun, set útein mei de kursus Better Presintearjen!

As jo graach ris wat tips en hânfetten krije om jo wurk betterop in poadium te presintearjen, dan is dêr no de kâns foar. Dramadosint Philip Curtis (www onwings.nl) jout in workshop op sneontemiddei 13 april oan skriuwers en dichters (Frysk, Hollânsk, dialekt). Jo binne tige wolkom. Kom foaral mei eigen wurk om te oefenjen!
Continue reading “Literêr Sirkwy, part fan It Skriuwersboun, set útein mei de kursus Better Presintearjen!”

‘Spesjale posysje Omrop’

Steatssiktaris Dekker fan OCW kin it bêste yn de mediawet regelje dat der yn de takomst in folweardich oanbod fan Fryske radio en tv bliuwt. Dat stiet yn it rapport fan de kommisje Hoekstra, dat tiisdeitemiddei oanbean is oan de steatssiktaris.

Neffens de kommisje Hoekstra freget de bysûndere posysje fan de Fryske taal ek om bysûnder belied. Utgongspunten fan dat belied binne, neffens Hoekstra syn advys, in folweardich en breed programma-oanbod yn de Fryske taal. En in eigen regiodekkende stjoerder foar de Frysktalige programmearring.
Continue reading “‘Spesjale posysje Omrop’”