De stúdzje Fryske Taal en Kultuer stiet swier ûnder druk. Troch werstrukturearring oan de Ryksuniversiteit Grins en oare regeljouwing fan de steatssekretaris liket it derop dat de haadfakfêstiging ‘Friese Taal en Cultuur’ opdûkt wurde sil. Wat oerbliuwt is in stúdzje Frysk dy’t, as soe it om in frjemde taal gean yn stee fan om de twadde Rykstaal, ûnderbrocht wurde sil yn de oplieding Europese Talen en Culturen. De formaasje sil dêrby werombrocht wurde fan 3ft nei 0,9 ft. Noch net iens in folsleine baan. Yn dat gefal kin net mear ynstien wurde foar in kwalitative wittenskiplike oplieding Fryske taal dy’t foar takomstige studinten oantreklik is. Yn dy konstruksje sil in universitêre oplieding Fryske taal en kultuer net lang oerein holden wurde kinne en is de kâns grut dat de stúdzje Fryske Taal folslein ferdwynt. De RUG nimt dizze maatregels omdat der te min studinten ynstreame om de stúdzje te folgjen. Dat is in streekrjocht gefolch fan in maatregel dy’t de steatssekretaris nommen hat. It kolleezjejild foar in twadde universitêre stúdzje is enoarm omheech gien en berint foar de stúdzje Fryske taal en kultuer € 7500,-. Dat kinne in soad studinten net betelje. Fóár it ferheegjen fan it kolleezjejild wie de ynstream goed, omdat in soad studinten de stúdzje Fryske taal en kultuer der as twadde stúdzje by diene.
It Nederlânske regear hat in ferplichting om de stúdzje te behâlden. Wy sille mei dy stipe yn ’e rêch alles ynsette om de haadfêstiging Fryske Taal en Kultuer oerein te hâlden. Wy freegje elkenien om de petysje www.redfrysk.nl te tekenjen.