Libbene besite Committee of Experts Ried fan Europa oan Nederlân

SPLIKA-foarsitter Ruben Severina mei de Committee of Experts

SPLIKA-foarsitter Ruben Severina mei de Committee of Experts

De Committee of Experts fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen fan de Ried fan Europa brocht dizze wike in bysûnder libbene besite oan lidsteat Nederlân. De kommisje besteande út Vera Klopčič út Slovenië, Päivi Majaniemi út Finlân en âld-Europarlemintariër Marieke Sanders-Ten Holte wie yn Nederlân om te hifkjen yn hoefiere lidsteat Nederlân him hâldt oan it Europeesk Hânfêst. Dat barde ûnder mear yn de foarm fan harksittings yn Grins (oer it Nedersaksysk), Ljouwert (oer it Frysk en Biltsk) en Den Haach (oer it Papiamentu en Romanes). Fansels wie der yn Den Haach ek oerlis mei fertsjintwurdigers fan de Ryksoerheid.

Opmerklik wie it wiidweidich omtinken fan de kommisje foar twa talen dy’t oant no ta noch net beskerme wurde troch it Hânfêst. Yn Ljouwert waard de statusoanfraach foar it Bilts taljochte troch de gemeente It Bilt en ek troch foarsitter Froukje de Jong-Krap fan it EBLT. De kommisje toande hjirby in soad begrip foar de oanlieding om in offisjele status foar it Bilts oan te freegjen. Neffens it Hânfêst mei de posysje fan in taal noait ferswakt wurde troch weryndieling of de feroaring fan administrative grinzen. En dochs is krekt dit ien fan de grutste problemen yn lidsteat Nederlân. Fanwege de fúzje mei oare rjochtbanken kin it Frysk geregeld net brûkt wurde op de Ljouwerter rjochtbank, op Bonêre stiet it Papiamentu ûnder druk sûnt it eilân streekrjocht troch Den Haach wurdt bestjoerd en op it Bilt meitsje ynwenners har soargen oer de posysje fan it Bilts yn de grutte nije gemeente Waadhoeke.
Lês mear…

Prevînsy Frysland steunt anfraag erkinning Bildtse taal

Nils Torvalds, Lutz Jacobi en Sietske Poepjes in de Aerden Plaats

Nils Torvalds, Lutz Jacobi en Sietske Poepjes in de Aerden Plaats

Op frijdeg 19 febrewary diende gemeente ’t Bildt de anfraag foor erkinning fan ’t Bildts as minderhydstaal in. Kamerlid Lutz Jacobi nam de anfraag op Ouwe-Syl in ontfangst as fize-foorsitter fan de Kamerkemissy fan Binnenlandse Saken. Gemeente ’t Bildt fraagt minister Ronald Plasterk ’t Bildts toe te foegen an de list fan beskermde talen. De prevînsy Frysland steunt deuze anfraag en set him in foor de erkinning fan ’t Bildts.

Meertalighyd
De anfraag gaat over ’t erkinnen fan ’t Bildts onder part II fan ’t Europees Hândfest foor regionale talen of talen fan minderheden. ’t Hândfest beskermt deuze talen. In ’n steunferklaring an minister Plasterk benadrukt de prevînsy ’t belang fan de erkinning fan ’t Bildts binnen ’t taalbelaid fan Fryslând. ”In de prevînsy Frysland is fan ouds ’n diep besef fan meertalighyd anwezig. Dat geldt niet alleen foor ’t Frys en ’t Nederlâns. Ok de streektalen in Frysland bepale met de idintiteit fan de inweuners en binne fan groate kulturele weerde,” licht deputeerde Sietske Poepjes toe.

De prevînsy stimuleert ’t brúkken fan streektalen in ôfstimming met de betreffende gemeente. Poepjes: “Dermet geve wy gehoor an de roep út de gemeenskap en de poalityk om ôns blik te ferbreden naar ôns aigen kulturele rykdom.” Lês mear…

21 Febrewaris: “Dei fan de memmetaal” – ek foar flechtlingen en asylsikers?

For the English version of the text, scroll down.

8495219567_679f057b13_zYn 1952 kamen de ynwenners yn Bangladesh yn ferwar tsjin it ferbod de eigen memmetaal te brûken yn it ûnderwiis en it iepenbiere libben. Op 21 febrewaris fan dat jier wie der in grutte demonstraasje dy’t fjouwer studinten it libben koste hat. Sûnt 1999 hâldt de Unesco dy dei yn eare as “ynternasjonale dei fan de memmetaal”. Gjin niget, dat ek yn Fryslân krekt yn dizze wike in oantal taal-aktiviteiten plakfûn hat: Frysk heart no by de earste hûndert talen yn Google Translate. De Baskyske film ‘Amama’ is fertoand mei ûndertiteling yn it Frysk én it Ingelsk. De gemeente Het Bildt freget om offisjele, nasjonale en Europeeske erkenning fan it Biltsk as regionale taal yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling ta de nije gemeente Waadhoeke. It doel is net om it Biltsk of it Frysk op te sluten op eigen hiem, mar krekt om de bern en de grutte minsken fan de eigen feilige taalsitewaasje wei in kâns te bieden op evenwichtige meartaligens: thús mei de eigen talen en op de hiele wrâld mei Dútsk, Ingelsk, Frânsk, Spaansk, Arabysk en sa mear. Lês mear…

De TOSTA-keunstners binne bekend: Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân en Fryske keunstner Aukje Schaafsma giet nei Cornwall.

De Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân. Yn de perioade maart- april sil de keunstner fiif wiken wurkje oan in performance keunstwurk fanút de âlde suvelfabryk yn Marrum. Hy sil ûnder oaren ûndersyk dwaan nei de maritime skiednis fan Fryslân en wol dy skiednis op in hiel eigen wize ferbyldzje troch dûns, sjongen en byldzjende keunst. Dara Mac Aoidh togra le paistí2

Fanút Fryslân sil keunstner Aukje Schaafsma fiif wiken yn Cornwall wurkje. Har plan ‘Grûn’ bestiet út in fideo performance ynstallaasje wêrby’t de sân minderheidstalen dy’t meiinoar oparbeidzje yn it TOSTA-projekt sintraal stean.

De einwurken sille toand wurde op it reizgjend TOSTA-festival dat fan maaie oant en mei septimber by de sân gearwurkjende TOSTA-regio’s delgiet en fan 1-4 septimber de Admiraliteitsdagen yn Dokkum oandwaan sil. De seis oare regio’s binne: Galisië, Wales, Ierlân, Skotlân, Baskelân en Cornwall. Lês mear…

EBLT en DSS2016 presintearje: De Baskyske film ‘Amama’ mei Fryske ûndertitels

Sêne út de Baskyske film 'Amama'

Sêne út de Baskyske film ‘Amama’

Ta gelegenheid fan de Ynternasjonale dei fan de Memmetaal fan de Feriene Naasjes presintearret it Europeesk Buro fan Lytse Talen EBLT dit jier yn gearwurking mei Kulturele Haadstêd Donostia San Sebastián (DSS2016) de Baskyske spylfilm ‘Amama’. De Fryske titel is: Beppe, as in beam omgiet. De film is op sneon 20 febrewaris en snein 21 febrewaris te sjen by Slieker Film yn Ljouwert mei Fryske ûndertitels. De nije film ‘Amama’ fan de Baskyske regisseur Asier Altuna giet oer in generaasje- en opfolgingskonflikt op in tradisjonele Baskyske boerepleats. De film makket op ’t heden furore op filmfestivals troch hiel Europa. De film is troch it EBLT nei Fryslân helle en fan Fryske ûndertitels foarsjoen yn gearwurking mei Kulturele Haadstêd Donostia San Sebastián 2016. Foar dyjingen dy’t gjin Frysk lêze of Baskysk ferstean kinne wurdt de film op snein 21 febrewaris, de offisjele memmetaaldei, ek noch in kear fertoand mei ûndertitels yn it Ingelsk.
Foarôfgeand oan de film sels fersoarget Eneko Garate Iturralde fan Donostia-San Sebastián, ek by Slieker Film, in presintaasje fan hichtepunten út it programma fan de Baskyske Kulturele Haadstêd fan Europa.
Lês mear…

Fryske ferhalewedstriid fan Skriuwersboun no ek foar junioaren

De Fryske ferhalewedstriid fan it Skriuwersboun krijt dit jier foar it earst in junioredysje. Om de bern waarm te meitsjen foar it skriuwen sil skriuwster Lida Dijkstra gastlessen jaan op skoallen yn Koudum, Balk en Wommels. Folwoeksenen dy’t mear witte wolle oer it skriuwen fan in koart ferhaal kinne in workshop folgje by skriuwer Koos Tiemersma. It is de fjirde kear dat de Fryske ferhalewedstriid organisearre wurdt. Corporate-story-schrijven

Der binne seis prizen: trije foar de bêste junior- en trije foar de bêste seniorferhalen.
Alle seis winnende ferhalen wurde publisearre yn it Frysk Deiblêd. Boppedat kiest de sjuery, dy’t bestiet út Lida Dijkstra, Yvonne Dijkstra en Koos Tiemersma ien ferhaal út, dêr’t Omrop Fryslân in ferfilming fan makket. Dy film wurdt begjin juny as rige útstjoerd yn telefyzjeprogramma Bynt. Lês mear…

Suns: A memorable night of languages, words, music and images

Marit_en_Nigel_yn_UdineThe final of the “Suns Europe” music contest in Udine lived up to expectations, due to the quality of the show and the remarkable participation of the audience – both the audience that filled theatre “Giovanni da Udine” Theater and the one that listened to Onde Furlane Radio or watched the websites www.sunscontest.com and www.ondefurlane.eu, in orde to follow the whole show in audio and video streaming. The highlight of this European Festival of performing arts, which turned Friuli into the heart of Europe, represented the spirit of the whole projet, giving evidence to both the vitality of cultural expressions for minorities, the European nationalities and the importance and relevance of their claims and promotion.

The night, hosted by Michele Polo – actor and cultural entertainer from Friuli – and by Sardinian singer and actress Claudia Aru, ranged from the captivating trip-hop by Ilmu, the oblique folk by the Galician Caxade, the hip hop crossover by the Breton Rhapsoldya, the fusion between Sami singing and blues by Ozas, the folk-punk by the Basque Kasernarat, the exotic charm of Zaman from Bashkortostan, the shoegaze rock of the Irish Tuath, the intense auteur pop by the Romansh-Ladin duo Me+Marie, the sophisticated songwriter from Friuli Loris Vescovo and the Frisian pop-soul duo Marit & Nigel. To conclude the show the performance by Marco Brosolo, who – together with his band and with the complicity of rappers Alessio Mura and Dek Ill Ceesa – presented some tracks from his album Cadremo Feroci, recently published by the British label Rought Trade, where he translates into music and in many languages nine poems by Federico Tavan.
Lês mear…

‘Provinsje moat skriuwfeardigens yn memmetaal fuortsterkje’

Lysbeth oerhandige har rapport oan Deputearre Poepjes

Lysbeth oerhandige har rapport oan Deputearre Poepjes

De beheinde skriuwfeardigens yn de eigen taal is foar Friezen de grutste drompel om it Frysk net, of minder faak, te brûken op sosjale media. Dat konkludearret Lysbeth Jongbloed fan de Fryske Akademy yn har ûndersyk nei de taalkar fan Friezen op sosjale media. Jongbloed presintearre har ûndersyk op tongersdei 3 desimber oan deputearre Sietske Poepjes.

Earder hat Jongbloed ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan Fryske jongerein op sosjale media. Foar it ferfolchûndersyk hat se no, mei stipe fan de Provinsje Fryslân, in grutte enkête holden en ferskate djipteynterviews dien ûnder Friezen fan alle leeftiden. Har rapportaazje Friezen op sosjale media jout in byld fan hoe’t Frysktaligen, jong en âld, omgean mei harren memmetaal op sosjale media. Sa wurdt it Frysk hjir neffens Jongbloed krekt wat makliker brûkt troch jongeren as troch âlderen; it Frysk fan jongeren is faker fonetysker as dat fan âlderen. Lês mear…

Papiaments in het Europees Parlement

“Bon dia, danki pa ta aki”. Zo begon Ruben Severina afgelopen donderdag 26 november zijn voordracht in het Europees Parlement in Straatsburg. Voor een publiek van Europarlementariërs van de Intergroup for Traditional Minorities, National Communities and Languages vertelde hij over het Papiaments, legde hij uit welke bedreigingen er op Bonaire zijn voor het Papiaments en onderstreepte hij wat hij verwachtte van de Intergroup. Severina sprak de Europarlementariërs toe als voorzitter van SPLIKA, maar ook namens de op Bonaire gevestigde Akademia Papiamentu. Deze twee organisaties vormen samen met Dushi Papiamentu van Bonaire, Fundacion Lanta Papiamento van Aruba en Instituto Alsa Papiamentu van Curaçao het Platform Papiamentse Unie. Lês mear…

Bonêre stribbet nei bettere beskerming Papiamentu

Op 18 desimber hâldt Bonêre in referindum oer de relaasje mei Nederlân

Neffens it nije boekje Trends in the Caribbean Netherlands fan it CBS is it eilân Bonêre fjouwertalich. Hast 90 % fan de 18.905 Bonairianen praat Papiamentu. Foar 64 % is it de earste taal en de taal dy’t se it faakst prate. Mear as 70 % kin Ingelsk prate, mar dat is mear in taal foar der by, benammen in taal om saken te dwaan mei de Amerikanen dy’t fanôf in grut cruiseskip op it eilân omstappe en in taal om mei de rest fan de wrâld te kommunisearjen. Tusken 70 en 80 % kin Nederlânsk prate. Dy taal wurdt krekt wat mear brûkt as it Ingelsk, mar wer folle minder as it Papiamentu. It Spaansk is, as je nei de persintaazjes sjogge, sawat like belangryk as it Nederlânsk. Dy posysje hat alles te krijen mei ymmigranten út lannen as Venezuela en Kolombia en saaklike kontakten mei dy lannen. Bonairianen geane bygelyks geregeld yn Kolombia nei it sikehûs. Lês mear…

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 23 24 25 26 27 28 29 30 31 32 33 34 35 36 37 38  Scroll to top