Sawat 85 jonge minsken út 27 ferskillende Europeeske kultuer-minderheden, workshops om harren minderheden te fersterkjen én in hiel soad wille: dat is it ynternasjonale Peaskekongres dat fan 23-29 maart 2013 holden wurdt yn Fryslân. It is de grutste gearkomste fan jonge minsken en jongereinorganisaasjes fan Europeeske minderheidstaalgebieten yn Europa!
It Peaskekongres is in jierliks gearkommen fan ûndernimmende jongelju dy’t harren bewust binne fan harren woartels yn in minderheidskultuer, dy’t graach reizgje meie en oare minsken moetsje, én dy’t wat leare wolle. It haaddoel fan it kongres is it op in praktyske wize learen fan relevante saken om – werom yn harren thúsregio – harren minderheid goed nei de takomst te bringen. It duorret in lytse wike en wurdt al sûnt 1963 alle jierren organisseare troch ien van de 40 minderheidsjongereinferienings dy’t lid binne fan de oerkoepeljende organisaasje Youth of European Nationalities (YEN). Yn 2013 is de brûzjende jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK) ferkeazen om it kongres te organisearjen. En dêrmei is de provinsje Fryslân gastfrou fan de 85 Europeeske dielnimmers!
Yn it haadtema ’ConneXt’; dat ferbining en takomst yn har hat, wurde fjouwer nijsgjirrige workhops oanbean: regionale marketing, teambuilding, sosjale media & kommunikaasje en meartaligens. De workshops wurde fersoarge troch saakkundigen út de wittenskiplike wrâld en út de praktyk. Neist de workshops is der ek in soad romte ynromme om de dielnimmers mei inoar yn ‘e kunde komme te litten en foar wille. In perfekt middel dêrfoar is bygelyks de saneamde ‘exchange market’: de minderheden presintearje harren eigen minderheid en litte elkoar produkten sjen en priuwe; in machtich konsept foar it lizzen fan ferbinings.