Pjutte-opfang ‘t Plankje yn Balk behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen

Pjutte-opfang ‘t Plankje yn Balk wurket al sûnt 2004 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn it ferline hawwe sy dêr in sertifikaat foar behelle. Elke trije jier wurdt op ‘e nij besjoen oft der noch altyd neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied wurke wurdt. By ‘t Plankje wie dat wer sa en sy hawwe it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ op ‘e nij foar trije jier fertsjinne.

‘t Plankje en twatalichheid

Pjutte-opfang ‘t Plankje is sûnt 2021 ûnderdiel fan de organisaasje SKIK Kinderopvang. Dy organisaasje fersoarget ûnder oaren berne- en pjutte-opfang yn De Fryske Marren. Op 17 pjuttelokaasjes en 4 bernedeiferbliuwen wurdt wurke mei in twatalich belied.

Tineke Vlietstra, Rozina van der Lagemaat, Marijke Nijholt, Corien Leenstra  en Elly Apperloo sette harren yn om it twatalich belied goed del te setten yn Balk. Op lokaasjes dy’t wurkje mei in twatalich belied, prate pedagogysk meiwurkers konsekwint ien taal. Dat wol sizze dat der net tusken it Frysk en it Nederlânsk skeakele wurdt. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en eventueel meardere talen leare. Foar beide talen is omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen en it foarlêzen.

fisitaasjekommisje

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by ‘t Plankje west te sjen. Der wurdt sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkling. De kommisje skriuwt oer dat lêste ûnderwerp yn har rapport ûnder oaren: ‘Mei-inoar hat dit team in bult ûnderfining yn it begelieden fan (meartalige) jonge bern. Dit team hat hiel bewust en dúdlik in wurkwize dêr’t romte is foar ûnderlinge ûnderfinings út te wikseljen, inoar skerp te hâlden yn hoe’t se mei bern wurkje en wurkje wol, en boppedat hoe’t se de âlden dêr yn meinimme kin.’

Foto: SFBO

By it sertifisearringstrajekt krijt ‘t Plankje begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *