Pjutteboartersplak ‘De Bernejister’ yn Easternijtsjerk is sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling

Foto: SFBO

Op woansdei 13 maaie wie it feest op pjutteboartersplak De Bernejister yn Easternijtsjerk. It pjutteplak fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradiel wurket sûnt april 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern en sy hawwe it trajekt no ôfrûne. Liedster Afke Jongeling hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oerlange krigen. It wie de hiele moarn feest op De Bernejister. Riemkje Pitstra en Jetske Miedema hawwe de Tomke-foarstelling ‘Lekker ite’ spile en foar de âlden stie de kofje klear.

Provinsjale ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 190 en is noch altyd groeiende.

Pjutteboartersplak ‘De Bernejister’
Pjutteboartersplak ‘De Bernejister’ is ûnderdiel fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradeel (SPD). SPD is in organisaasje dy’t pjutte-opfang yn de gemeente Dongeradiel oanbiedt. Likegoed SPD as de gemeente stimulearje twatalich wurkjen. Dongeradiel hat in beliedsnota ‘Meertaligheid in de doorgaande lijn’ skreaun en fan de 11 boartersplakken fan SPD wurkje der 7 mei in twatalich belied. ‘De Bernejister’ yn Easternijtsjerk is it fiifde pjutteplak fan SPD dat sertifisearre is. It twatalich wurkjen sjocht der as folget út: liedster Afke Jongeling praat konsekwint Frysk mei alle bern, lykas de beide frijwillichsters. Stazjêres krije de opdracht har memmetaal te praten. By aktiviteiten sa as foarlêze is der omtinken foar it Frysk en it Nederlânsk. Sy wurkje dêrnjonken ek mei de hânpoppen Raai de Kraai en Tomke. Tomke praat fansels Frysk en Raai praat Nederlânsk.
Nei oanlieding fan de fisitaasje skriuwt de fisitaasjekommisje it folgjende: Wy ha fannemoarn sjoen dat de liedster in hiel skala oan feardichheden hat om har taaloanbod mei te presintearjen. Sy docht dat by alle ferskillende programma-ûnderdielen: by it frijboartsjen (mar sy lit de bern ek faak genôch gewurde en har eigen spul dwaan), by it rûntepetear, tuskentroch yn lytse ien-op-ien petearkes, en by it nifeljen wurde oanwizings jûn, help oanbean, kompliminten jûn.

Sertifisearring
Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.
It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.