Presintaasje De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu

Foto: Fryske Akademy, Hindrik Sijens
De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu

Oan it begjin fan de tweintichste ieu wie it idee om Frysk te brûken yn it godstsjinstich en ek it tsjerklik libben sokssawat as flokke yn ’e tsjerke. Ds. Sipke Huismans fan Eanjum hat mei de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 de stjit jûn ta feroaring: prinsipieel wie der neffens him gjin beswier om yn it Frysk te bidden en te preekjen. Krekt oarsom: de eigen taal rekket it hert folle mear as de Hollânske ‘tale Kanaäns’. Dochs hat der yn ’e tsjerken in soad wjerstân west, benammen by grifformearden. Earst nei de Twadde Wrâldoarloch krige it Frysk in erkend plak(je) yn ‘e tsjerke. Yn De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu giet de skriuwer, Jan Popkema, de skiednis nei fan it Kristlik Frysk Selskip (1908-2012), it Roomsk Frysk Boun (1917-1997), it Grifformeard Frysk Selskip (1930-1945) en de Kristlike Fryske Mienskip op frijsinnige grounslach (1937-1963), mei omtinken foar foaral harren doelstellings en resultaten en hoe’t de tsjerken dêrop reagearre hawwe. Nei goed hûndert jier – in lange wei – is Frysk yn tsjerke gewoan wurden, mar noch altiten net fanselssprekkend. En dêrom hat in kristlik-Fryske beweging noch hieltyd rjocht fan bestean.

Oer de auteur:
Jan Popkema (1942) is frisist en nearlandikus. Hy wurke ûnder oaren as leksikograaf by de Fryske Akademy en as learare-oplieder by de Noardlike Hegeskoalle te Ljouwert. Eardere publikaasjes fan him binne û.o. Psalmbewurkingen yn it Frysk (1983), Basisgrammatica Fries (2006), Grammatica Fries (2006) en Mei it wiffe skip. Nei hûndert jier Kristlik Frysk Selskip (2008).

Programma
14.00 Ynrin mei kofje/tee

14.30 Iepenjen en oanslutend koarte lêzings fan:

dr. Liuwe Westra – Funksje fan in kristlik-Fryske beweging yn tsjerke en maatskippij
dr. Jasper Vree – Persoonlijke en pastorale herinneringen van een kwart-Friese predikant
dr. Johan Frieswijk – Ferpyldering yn de Fryske beweging
mgr. dr. Gerard de Korte – De vragen van de christelijk-Friese beweging aan de kerk

15.55 Skoft mei kofje/tee

16.20 Foarumdiskusje

Oanbieding fan it earste eksimplaar fan De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu oan ds. Hinne Wagenaar, foarsitter Stifting Krúspunt

17.00 Sluten

Neisit mei in hapke en in drankje en gelegenheid ta it oantugen fan De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu (Priis: € 25,00)

Opjaan
It bywenjen fan dizze presintaasje is fergees. Mei it each op de organisaasje en de kapasiteit fan de seal is opjaan yn it foar lykwols needsaaklik. Jo kinne dat oant uterlik freed 28 maart 2014 dwaan fia de website fan de Fryske Akademy: www.fryske-akademy.nl. Mochten jo jo net opjaan kinne fia ynternet, dan kin it fansels ek skriftlik of telefoanysk: Fryske Akademy, Boekpresintaasje ‘kristlik-Fryske beweging’, Postbus 54, 8900 AB Ljouwert; tel. (058) 213 14 14. By de opjefte graach oanjaan mei hoefolle persoanen oft jo komme.

Klik hjir foar de útnoeging Frysk-Nederlands

Boarne: Fryske Akademy

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *