Op freed 2 july presintearje de Afûk en Rubinstein yn gearwurking mei it Keninklik Nederlânsk Keatsbûn it Gouden Boekje: Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild.
Topkeatser Tjisse Steenstra en auteur Lida Dijkstra jouwe it boekje kado oan trije jonge keatsende Sipke’s, foarôfgeand oan de finale (tusken 18.00 en 19.00 oere) fan de hearen haadklasse by keatsferiening “De Pompeblêdden” op It Hearrenfean.
Oer it boek
It jierlikse famyljekeatsen is yn folle gong. Sipke sjocht fol spanning ta hoe’t it partoer fan pake Pipermûs it opnimt tsjin de iikhoarns. Oant ynienen muoike Aaf it ankel ferkloft, en net fierder spylje kin. Pake ropt Sipke it fjild yn. Mar ús lytse pipermûs hat noch noait keatst! Kin er de wedstiid rêde…..?
Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild is alwer it fjirde boekje yn de searje oer de lytse pipermûs Sipke. De twatalige boekjes binne makke yn gearwurking mei de Afûk.